SDS League: "Dit is ’t" makket dûbelslach!

Wepperkes -moandei-
12 februari 2006
Wepperkes -tiisdei-
14 februari 2006

“Dit is ’t”(DK) pakt dizze wike net allinne de wykpriis mar ek de kopposysje yn de SDS League. Hy hie mar leafst 79 punten.

It hat him al de noadige switdruppels koste.

Twa teams makken dizze wike ek flinke klappers.
Klussen is mijn leven(AFdB) gie fan 41 nei 8. De Nieuw Noord Boys(GP) gienen sels fan 57 nei 11(!!). Sy hienen krekt 1 punt te min foar de wykpriis.

“Spoorloos”(YT) liket it paad bjuster. Hy sakket dizze wike fan 10 nei 52(!?). Wol is hy de meast regelmatige ploech. Dizze wike hat hy lykas foarige wike 38 punten.

Opfallend is de minne start fan “November Rain”(G.A.T). Dit team is de lêste jierren faaks yn de prizen fallen. No stiet hy op nûmer 69.

Sa ’t jim lêze koenen forige wike telden de punten fan ôfrûne tiisdei net mei om ’t
Competitiemanager.nl dizze punten ek net meitelt. Spitich genôch kinne wy hjir net fan ôfwike. Mocht der wer ris in wedstryd op tiisdeitejûn wêze dan telle dy punten ek net mei.

Toppers de ôfrûne wike wienen Zomer(TWE) mei 15 punten en Kuyt(FEY) mei 13 punten.

Groeten, Willem.

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 2.