Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
11 februari 2006
SDS League: "Dit is ’t" makket dûbelslach!
13 februari 2006

Lestich
Ek de man fan Topamateurvoetbal.nl wie it der mei iens dat SDS 1 it ôfrûne sneon PKC’83 aardich lestich makke. Klik hjir foar syn ferslach.

SDS A1 foar 3e kear ûnderút tsjin Nijlân
SDS A1 hat it net sa stean op de derbys tsjin Nijlân. Sneon moasten sy foar de 3e kear tsjin elkoar fuotbalje dit seizoen. Foar de 3e kear waard it 3-2 foar Nijlân. Trainer Marco Hoekstra leit hjir út hoe ’t dit no wer sa koe.

Tjeerd Dijkstra fuotballet foar it earst yn Achlum
Al sa lang oan it fuotbaljen, mar noch nea yn Achlum aktyf. Lês
hjir hoe’t it Tjeerd Dijkstra fergie op wei nei en yn Achlum.

Amateurvoetbalspel
De earste stân fan ’t amateurvoetbalspel is bekend. De nûmer 1 hie 7 wedstriden goed. De earste SDS’ers steane dield 21e. Dit binne Aant Hofstra, Dirk-Yde Sjaarda en Bas van der Weij. Klik hjir om de oare SDS’ers op te sykjen.

SDS League
De nije stân fan de SDS League is alwer klear. Moarn is der hjir te besjen.

Drok oan ’t trainen
Kommende simmer is it WK-fuotbal yn Dútslân. De Dútsers dogge der alles oan om fan ’t simmer Weltmeister te wurden. Sy binne dan ek al drok oan ’t trainen(klik hjir).


Letter mear!