Wepperkes -tiisdei-

SDS League: "Dit is ’t" makket dûbelslach!
13 februari 2006
Wepperkes -woansdei-
15 februari 2006

Bekerje of foar de kompetysje
Foar de twadde kear hat de KNVB de bekerwedstryd fan de SDS veteranen tagelyk fêststeld mei de kompetysje wedstryd SDS 4 – Oeverzwaluwen 3. Want al ris earder hat it bestjoer fan SDS oanjûn dat de veteranen fan SDS yn SDS 4 fuotbalje en net yn SDS 5. Wij nimme oan dat it bestjoer hjir wol efter oangiet. En oars moatte se mar twa wedstriden.

Programma
Foar de fakansjegongers melde wij efkes dat er takem wike sneon wol in
ynhelprogramma is. Wij adfiseare om in berop te dwaan op de annulearingsfersekering.

Kompliment
At je sjogge wat er sneon en snein dochs noch ôflast is, dan fertsjinje de terreinfeinten fan SDS in komplimint.

Spultsjes
Freed 24 febrewaris is der in aktiviteit fan de aktiviteitenkommisje fan SDS. Der kin kaart, yatzeet en kolonisten fan katan spile wurde. It begjin 8 oere en it soe foar dizze nije kommisje wol hiel leuk wêze dat it net in deade boel wurdt mar in flitsende en foaral libbende jûn.

Miskommunikaasje
Troch miskommunikaasje is it prizenjild fan de earste helte fan de SDS League noch net oermakke. Dizze wike komt it goed.

Marco van Basten
De bondskoach fan ’t momint, Marco van Basten, koe sels yn ’t ferline ek wol in aardich boltsje skoppe. Sjoch
hjir mar!

Ramones
Foar de musykleafhawwers in tip foar jûn:
20.25: Ned. 3: Het uur van de wolf: The Ramones
Documentaire over The Ramones; de bandleden, hun jeugd in Queens, inspiratiebronnen zoals Iggy Pop, de strijd tussen de bandleden onderling, het uitblijven van succes, machtsstrijd, imago, drankmisbruik en drugsverslaving. Met bijzonder archiefmateriaal en interviews met o.a. Joey, Dee Dee, Johnny Ramone en Debbie Harry.

Falentijnsdei?
De froulju sizze dat it hjoed Falentijnsdei is. Dan moatte wy mannen harren ek mar wat temjitte komme. Ik soe sizze; jûn(nei ’t trainen) tegeare romantysk yn bad(sjoch hjir).

Hawwe jim noch nijs, mail it dan nei info@vv-sds.nl!