Evenementen in december 2022

Weppers woansdei 23-4
22 april 2008
Weppers tongersdei 24-4
24 april 2008

It is “Camataru” fan René Zijlstra dy ’t de titel pakt yn de SDS League. Dit beloofd wat foar SDS 1 yn de neikompetysje mei sa ’n lieder dy ’t safolle ferstân fan fuotbaljen hat.


De “P.N.’ers” fan Wichard Deinum en Jappie Wijnia gripe krekt nêst it kamioenskip. Sy komme krekt 4 punten tekoart en wurde 2e.

Sybren Wijnia rint hielendal binnen troch mei te dwaan oan de SDS League. Nei in 1e priis en wat wykprizen stiet der no in 3e priis foar him klear. Dêrmei pakte hy dit seizoen €186,-(???) oan prizenjild!!!
Wy sille dan ek in ûndersyk dwaan nei mooglike foarkennis.

“FC Popkognoli” fan Popko Wijnia is it ienige team wat fanôf de earste wike yn de top 10 stien hat. Dat je hjir fierders net folle foar keapje mei dúdlik wêze. Hy is dield 7e wurden mei “Ozzy” fan Hendrik Eringa en bard €12,50. Mei dy nije CAO hawwe dy plysjes it oars ek al best genôch.
Hendrik Eringa kin nei syn brân eindelijk wer in krease bierkoelkast keapje op de rommelmerk.

De lêste wykpriis giet nei Sjoerd Postma mei “Alle Besten”. Hy pakt 47 punten. Dit binne der krekt 2 mear as The Butchers fan Lolke Bouma.

“Super Friezen, op nei de top!! Whiehoe” fan Anne-Marije Hofstra gie de lêste wiken as in spear. Sy begie ergens ûnderyn, mar klom op nei it 8e plakje en in pryske koe sy eins net mear misrinne. Dochs is sy dizze wike “de schlemiel fan de wike”, want sy pakt mar 20 punten en eindigt as 21e.

De poedelpriis koe mar foar ien team wêze; “kwaliteit is geen toeval” fan Rudy Dykstra. Wy witte net as dizze slogan no noch wol sa slagge is foar syn bedriuw Concordia Design.

Foar de einstân sjoch
hjir.