Weppers woansdei 23-4

Weppers tiisdei 22-4
21 april 2008
SDS League: "Camataru" wint SDS League!
23 april 2008

Lokwinske mei…

Wij koene it net litte om efkes fanút Swingoerd 25 in foto te meitsjen fan Swingoerd 9. Dêr wennet Rinse Joustra (SDS4) mei syn Martzen en sa’t it liket mei in dochter.
Fan herte lokwinske mei……… ?

Anna Mirthe
Dat is de namme fan de dochter fan Rinse en Martzen. Sij is  tiisdeitemoarn goed 8 oere berne en dochter, mem en heit meitsje it prima.

Ynhelje
SDS 3 spilet jûn om 18.45 oere tsjin Blauw Wit 4. It is in ynhelwedstryd.

Nije Treffer
It sjit alwer op mei de nije Treffer. Hawwe jim noch wat, mail it dan nei dizze adressen. Graach foar kommende moandei.

Reflex
Kommende sneon is de lêste reguliere thúswedstryd fan SDS 1. Sa as wol faker, wol men it seizoen no ek wer tapaslik ôfslúte. Dêrom is der nei ôfrin muzyk yn de kantine. It stimmingsorkest Reflex bringt fleurige klanken tinke wij.

SDS League
Jûn de einstân fan de SDS League.

Neikompetysje (1)
André Vink hat it allegear efkes útsocht en jout it folgende troch.
SDS 1 speelt 3 mei uit  (14:30) tegen winnaar 3e periodetitel 2J
SDS 1 speelt 6 mei thuis (19:00) tegen winnaar 3e periodetitel
De perioade kampioen yn de twadde klasse J is noch net bekend: wierskynlik wurdt it Heerenveense Boys (dy fan nooit meer SDS) of Eems Boys.

Bij winst ferfolch neikompetysje
SDS 1 speelt 10 mei uit (14:30)
SDS 1 speelt 17 mei thuis (19:00)
Bij winst
SDS 1 speelt 24 mei om 14:30 op neutraal terrein

Sa los je soks op
Skiedsrjochters hawwe it hjoeddeis net like maklik. Yn it ferline gie it hiel wat fatsoenlijker yn it fjild:


Nijs?
Of oars wat. Maile kin nei
dizze adressen.