SDS League: Butchers pakke wykpriis!

Weppers woansdei 18-3
17 maart 2009
Oelie Eisma ferstoarn
18 maart 2009

It is dizze wike Lolke Bouma dy ’t mei syn “Butchers” oan de haal giet mei de wykpriis. Hy pakt mar leafst 59 punten en bliuwt dêrmei krekt ien puntsje foar op Marten Faber mei “Op naar de Top”.


“Tsjeard” stiet noch altiten boppe-oan mar hat gjin grutte foarsprong mear. Hy wurdt op de hylen sitten troch de “Jodan-boys” fan Jeroen Brouwer. It ferskil is mar 2 punten. 

Op basis fan de hege posysje yn de SDS League is Jeroen Brouwer oannommen by SDS B1. Wesley Hoitenga stiet mei syn “Snipes” ien nei lêst en rint no staasje by SDS C2. No ’t Jan van Asselt ûnderoan stiet mei “Fyn sân” ferwachtsje wy eins dat hy binnenkoart in tillefoantsje krijt fan de SDS-froulju.  

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 5.