Weppers woansdei 18-3

Weppers tiisdei 17-3
17 maart 2009
SDS League: Butchers pakke wykpriis!
18 maart 2009

Foarljochting

De regio koach fan de KNVB wie moandeitejûn op útnoeging fan de Jeugd TC yn Easterein om te praten oer ferskillende saken wat betreft jeugd, traine en koache.


Robert, Enne, Durk, Tsjipke Klaas, Klaas, Ab, Rudy, André, Anne en Aant harken nei it nijsgjirrige ferhaal.
Der waard praten oer de scouts, de talinten, de trainingen, de mooglikheden foar kursussen, it keunstgers en de kondysjetraining. En Klaas Okkema wie wakker bliid dat dat lêste efterhelle is en nea sin hân hat.
Troch der meielkoar oer te praten ûntstiene ferskillende ideeen wêr’t de technyske minsken wer fierder mei kinne.
Menno van Dam dy’t fuotballe bij Veendam, Cambuur, Harkemase Boys en no MSC slúte ôf mei in pear prachtige anekdoates fan Korbach dy’t hij meimakke hie as trainer bij de Boys.

Teare
Marco Hoekstra hat in drokke tiid. As haad sms fan de fûgelbûn kin hij it amper neikomme. Dat no krekt hij de sjurtsjes meinimme moast fan SDS 5 kaam wol min út. Marco woe Liesbeth der net mei beleste en frege sneon al ferskillende feteranen hoe’t je soks waskje, op hoefolle graden, hokker sjippe en wat foar masjine.
No’t it waskjen klear is komt de dreechste klus: opteare. Wij hawwe
in tip en sjogge mei belangstelling út nei in demonstraasje yn de kantine fan Marco.

Gjin keeperstrainen tongersdei 
Helaas bin ik ferhindere en is der gjin keeperstrainen tongersdei. 
Groetnis,
Marten

Leiderje by SDS-froulju
Ien kear yn de twa wiken is Floris Hiemstra ree fûn om de SDS-froulju by te stean as leider. Dit betekent dat de oare wiken noch ien nedich is. Wa liket it wat om dizze froulju ien kear yn de twa wiken by de hân te nimmen? Nim dan kontakt op mei Anke.

Fuotbalje by de SDS-froulju
De SDS-froulju kinne ek noch wol wat fuotbalsters brûke. Wa liket it wat om ien kear yn de wike te trainen en op sneons te fuotbaljen? Klik hjir om lid te wurden of nim kontakt op mei Anke.

Daan op trombone
Der binne net folle minsken dy’t witte dat Daan Boersma in tige fertsjintlike trombone spiler is. Syn talinten bleaunen ferburgen. Mar sûnt de elpee fûn fan SDS 5 is dat oars wurden. Sûnder noaten en sels sûnder trombone spile hij Manuela. Spitich dat syn begelieidng wat falsk wie. Sjoch hjir en sit it lûd foaral wat sêfter.

By Ajax
Jûn mei Ajax probearje om it 2-1 ferlies goed te meitsjen tsjin Olmypique Marseille. Ferskeidene SDS’ers binne nei Amsterdam om de Ajacieden in hert ûnder de rym te stekken. Wy binne benijd as wy jûn Ralph, Eeltsje, Hjalmar, Eddy, Robert, Hendrik en Syb yn de Arena sitten sjen kinne….. 
Ek wy hoopje fansels dat Ajax wint. It soe miskien al helpe as Boudewijn Zenden it wykein net wer út dy doaze kommen is: