SDS League: Bote pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 17-3
16 maart 2011
Weppers freed 18-3
18 maart 2011

It is dizze wike Bote Strikwerda mei “FC Munnaps” dy ’t de wykpriis pakt mei 45 punten.

Hendrik en Bote.jpg
Dêr mei je grutsk op wêze.

Nûmer 2, Jan Mulder, is mei “FC Waaksens” aardich konstant en hat lykas ferline wike 39 punten. Dit soarget der wol foar dat Marten Faber mei “Op naar de Top” op ‘e nij in puntsje útrint. Marten stiet ynmiddels 22 punten foar.

De fakansje yn Egypte hat “Harm en Vera” goed dien. Sy pakke dizze wike 43 punten en dat is mar 2 punten te min foar de wykpriis.

Nei it overlijden fan Gary Moore inkele wiken werom is it dien mei “Still Got The Blues”. Lolke Hofstra stiet mei dit team no ien nei lêst.

Gearard Posthumus stiet mei “Tiki Tiki Tumba”noch altiten stiif lêst yn de SDS League. Syn posysje stiet dan ek aardich ûnder druk. Of hy siet sneontejûn  op wei nei Vitesse – SC Heerenveen by de keninginne yn de bus(klik
hjir).

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 5.