Weppers freed 18-3

SDS League: Bote pakt wykpriis!
17 maart 2011
Seleksjes sneon 19-3
18 maart 2011

Seleksjes
Letter hjoed kinne jim de seleksjes wer lêze foar kommende sneon.

B1
Wij krije troch fan Johan de Graaf dat B1 moarn net troch giet. Te folle blessures dus te min spilers.

Neisoarch
Bij it aaisykjen is neisoarch in begryp. Bij it fuotbaljen komt it neffens ús wat minder foar. Sytse Hibma is foar ús yn de moanne maart de beste neisoarger:
3 wike lyn tsjin Blauw Wit kaam ik ‘wat ûngelokkich’ yn botsing mei in spiler fan blauw wit. It koe doe wol ris “einde oefening” wêze, ek sjoen syn leeftiid. Woe graach witte hoe it mei him gie, dus ha ik efkes hifke… 
De speler is maandag door de scan geweest. De schade viel mee. Hij is begonnen met fysio en hoopt volgende week voorzichtig te kunnen trainen.
 
Dat fyn ik mooi nijs! no mar hope dat er oer 4 wike wer oplappe is, dan kin der lyk wer begjinne wer’t der bleaun wie, balje tsjin sds 6! 
groeten sytse

SDS 4
SDS 4 is dit seizoen de minst fuotbaljende ploech. Sij hawwe foaral lêst fan it “ôfsistrochteminspilersfirus”. No liet Woudsend 3 witte dat it sneon neat wurdt. En sa hat SDS 4 noch in wedstriid as 13 te gean.

Keepersprobleem?
Lykas klups as Arsenal en Ajax hat ek SDS te meitsjen mei blessures ûnder de keepers. By SDS binne sawol de keeper fan SDS 1, Jaap Toering, as SDS 3, Sjoerd van Beem, blesseard. Gerlof Veldstra wit de oplossing. Gewoan in âlde erfaren keeper werom helje. Wa skillet Egbert Bootsma?(klik hjir)

Nachttsjinst
Nei 7 nachttsjinsten is alles best, mar je fiele je dochs wat oars as oars:


Harsens derby(428)
Hoesa der kin net fuotballe wurde om ’t it fjild te wiet is?