Wepperkes -woansdei-

SDS League: 3 wykpriiswinners!
2 oktober 2007
Wepperkes -tongersdei-
3 oktober 2007

SDS 1 op jûn
Juster is bekind wurden dat SDS 1 de ôflaste wedstryd tsjin Oeverzwaluwen ynhelje moat op tiisdei 16 oktober om 19.30 oere. Dat wurdt dus in echte ljochtwedstryd yn Koudum.

SDS-famkes
Kommende sneon spylje de SDS-famkes op ‘e nij thús. It rissultaat fan ôfrûne sneon(“nipt” ferlies tsjin JV Bolsward) hat harren aardich fertrouen jûn yn in positive útslach kommende sneon. Sy spylje om 12.30 de altiten beladen derby tsjin de famkes fan Tsjom. Kom it sjen!

Doelpuntenmakkers
Sneon makken der twa seniorenteams seis doelpunten. Wat foar gefolgen dit hat foar de totale list mei doelpuntenmakkers kinne jim
hjir sjen.

Helsingborg – SC Heerenveen
Twa SDS’ers sille tongersdei yn Sweden de wedstryd tusken Helsingborg en SC Heerenveen bywenje. Mark Postma yn it fak fan de Sweden en Gearard Posthumus yn it fak fan de Feanfans. Gearard sil sjen as der ús wat foto’s leverje kin.

Ferwizing
André Vink kaam mei in aardige ferwizing. SDS fuotballet op tsjerkegrûn en dêrom heard dizze ferwizing fansels thús op dizze webside(klik
hjir).

Nije Treffer
As alles meisit dan falt ien dizzer dagen de nije Treffer by jim op de matte. Hjiryn û.o. in ûnthullend ynterview mei de trainer fan SDS 2, Hylke Schrale. 

Bunnikside
It is de lêste tiid mar rêstich op de “Bunnikside” fan SDS. De leider fan de Bunnikside, Ate Vellinga, wol dan ek eltsenien oproppe om him kommende sneon by te stean om SDS 1 oan te moedigjen yn de wedstryd tsjin Wykels/Hallum. 

Wa rikt Ate de helpende hân?

Coach fan it jier
It mei dúdlik wêze dat ien fan de wepmasters best wol ferstân fan fuotbaljen hat(klik hjir).

Cocuuuuuuuuuuuu!!
Philip Cocu spilet foar in pear oaljedollars yn de woestijn ergens yn it Midden Oosten. Hy hat it sa te sjen aardich nei syn sin en de sjeiks binne wol wiis mei him. Begryplik want PSV hie him yn dizze foarm ek noch wol brûke kinnen(klik
hjir).

At jim noch wat te melden hawwe, dan kin dat. Maile kin nei dit adres.

Miskien letter mear!