SDS League: 2 wykpriiswinners!

Seleksjes sneon 27-2
26 februari 2016
Weppers freed 26-2
26 februari 2016

Dêr is dan eindelijk de earste stân fan de twadde helte fan de SDS League. De ôfrûne wike binne alle teams ynfierd yn de kompjoeter en alle punten opteld. Dit levere it folgende rissultaat op.

“Boldert and the Beautiful” fan Allert Turksma en “Halle-stars” fan Anne-Jan Hallema sjitte as wylden út de startblokken en starte lyk as nûmer 1 en 2 yn de SDS-League. Spitich genôch foar harren levert dit gjin wykpriis op, want beide leveren harren teams krekt wat te let yn.
Dit betsjut dat de wykrpiis giet nei de nûmers 3 en 4. Sawol “CD Guadalajara” fan Pieter Kamstra as “vv Lollum” fan Simon Bruinsma hawwe namelijk 50 punten en meie dêrmei de wykpriis diele. Dit sil dochs net betsjutte dat SDS (Pieter Kamstra) en Mulier (Simon Bruinsma) moarn de punten ek diele sille? 

“Strikkies United” fan Bote en Jort Strikwerda begjint op nûmer 63. Dat is Bote min nei de sin, mar dan moatte je yn sa ’n earste wichtige wike fan de SDS League miskien net op wintersport gean…….




Tom Wijnia wie ôfrûne wike net hielendal fit en dat hat lyk ynfloed op de prestaasjes fan syn team “FC Winnaars”. Hy begjint as nûmer lêst!

Sjoch hjir foar de nijste stân: wike 1.