Weppers freed 26-2

SDS League: 2 wykpriiswinners!
26 februari 2016
Utslaggen sneon 27-2
26 februari 2016

Efkes Balje
It is net mear spannend at der jûn Efkes Balle wurdt. Der binne dan miskien wol wat Efkes Skiers mar der binne genôch om los te gean. Dus 19.30 Efkes Balje

Programma sneon

14:30 SDS 1 Mulier 1
12:30 Leovardia C2 SDS C1 g.n.t.
12:15 Nijland 2 SDS 2
14:00 Oosterlittens VR1 SDS VR1
14:45 Makkum 4 SDS 3

SDS 1 – Mulier 1
Moarn is der mar ien wedstryd yn Easterein en dat is de derby SDS 1 – Mulier 1 om 14.30 oere. In tige wichtige wedstryd foar SDS yn de striid tsjin degradaasje. Mocht SDS winne dan kin der oanheake wurde en oars sit der eins net mear yn as in neikompetysjeplak.
Kom SDS allegear stypjen!

Kantine
De kantine giet moarn krekt foar 13.00 oere iepen en om 19.30 oere ticht.

Fjild keure
It fjild wurdt moarn om 12.00 oere keurd.

Net oefenje
SDS C3 soe moarn oefenje yn Boalsert tsjin sc Bolsward C5, mar de gêrsfjilden yn Boalsert binne ôfkeurd.

Oefene
5e-Klasser vv Scharnegoutum 1 fan de kommende SDS-trainer Marco Hoekstra hat juster oefene tsjin 3e-Klasser Delfstrahuizen 1 en wûn mei 1-0.


Harsens derby (1677)
En dêr giet Johan Heerma!!