SDS-keunstgerslottenaksje!

Weppers moandei 11-5
10 mei 2015
Weppers woansdei 13-5
12 mei 2015



Op dit momint hawwe sa ’n 70% fan de leden fan SDS dy ’t in SDS-keunstgerslottenboekje te ferkeapjen hienen harren jild ynlevere.
Fierwei de measten hawwe al harren lotten ferkocht!

As it goed is dan leverje de rest fan de leden dizze wike it jild yn en witte wy nije wike hielendal wêr ’t wy stean.

Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat mei it jild bringe, mar kin it jild ek stoarte op rekkennûmer: NL83RABO0301290067 t.n.f. SDS-keunstgers
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein
Graach foar 17 maaie!


It mei dúdlik wêze dat wy nei ôfrin fan dizze aksje noch net de €60.000,- binnen hawwe dy ’t wy nedich hawwe.
Mei de SDS-feiling hoopje wy ek in protte jild byinoar te heljen.

Wolle je ek noch SDS-keunstgerslotten hawwe, mar der is net ien by je oan de doar west dan kinne je hjir ek noch keunstgerslotten bestelle.

De ferlotting is op de grutte SDS-jûn op sneon 30 maaie!