Weppers moandei 11-5

Utslaggen 9-5
8 mei 2015
SDS-keunstgerslottenaksje!
12 mei 2015

De SDS-keunstgerslotten dizze wike ynleverje!

Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat mei it jild bringe, mar kin it jild ek stoarte op rekkennûmer: NL83RABO0301290067 t.n.f. SDS-keunstgers
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein
Graach foar 17 maaie!

Ek vv Workum giet foar de haadpriis!
Nei vv Nijland en vv ONT hat ek vv Workum 5 keunstgerslotten by ús besteld. Tige tank dêr foar!
No ’t sawol Nijland as ONT kampioen wurden binne yn de 3e Klasse A en B giet Workum ek noch foar in haadpriis!

SDS-feiling op 30 maaie!
Op sneon 30 maaie is de grutte SDS-jûn mei muzyk, in barbecue, in drankje, de grutte SDS-ferlotting en in machtige SDS-feiling. Alle opbringsten komme ten goede oan it nije keunstgersfjild. Letter dizze wike mear hjir oer!

Keningsnachttoernoai
SDS 1 en A1 binne klear mei harren seizoen, mar inkelde jongens meie dochs noch efkes fuotbalje. De spilers ûnder de 23 jier sille woansdei meidwaan oan it 7-tsjin-7-toernoai by Foarút yn Menaam. Frans Munsterman sil it ploegje liede. SDS sit yn in poule mei Foarút, Oosterlittens en Arum. Jim kinne der hjir mear oer lêze.


SDS Vr1
Kommende woansdei spilet SDS Vr1 yn Skearnegoutum tsjin Scharnegoutum VR 1. It is in útstelde wedstriid fan sneon.

Opmerklik feitsje
Tjerk van der Pol beseach de útslaggen fan sneon hij stelde terjochte fêst: SDS is sneon net ien kear ferslein en dat is dit seizoen noch net earder foarkaam.

Weromsjen
Wa’t der net bij wie, en dochs graach witte wol hoe’t it sneon ferrûn is yn Bant kin
hjir harkje nei de trainer fan Bant 1.

Standen
Der wie dit wykein mar in lyts prorgramma, mar ek dat docht standen wer feroarje. Hoe’t it der foarstiet kinne jim
hjir sjen. Kommende sneon wer in hast folsein programma, want in oantal teams binne al útfuotballe (SDS1, SDS 2, A1, B1)

SDS 1 8ste
SDS 1 is dit jier as 8ste einige, mei 34 punten en 43 doelpunten foar en 36 tsjin.
Yn 2013-2014 wie SDS 10de mei 32 punten en 38 doelpunten foar en 48 doelpunten tsjin.

Doarpentoernooi
It wie oare jierren sa dat it Doarpenfuotbaltoernooi yn Littens ein augustus holden waard. Dit jier is dat oars. It is no op freed 29 maaie. Jim kinne der 
hjir alles oer lêze en opjaan moat foar 25 maaie. It prachtige affysje sille jim fêst hjir en dêr ek wol hingjen sjen.

Oosterlittens
Yn ús gemeente binne mar twa fuotbalklups. Beide wiene dit jier tredde klassers. SDS hat it as sneonsklup wer oprêden, helaas is Oosterlittens degradearre.

Harsens derby (1497)
Knappe goal!