Weppers woansdei 13-5

SDS-keunstgerslottenaksje!
12 mei 2015
Himelfeartweppers
14 mei 2015

De SDS-keunstgerslotten dizze wike ynleverje!

Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat mei it jild bringe, mar kin it jild ek stoarte op rekkennûmer: NL83RABO0301290067 t.n.f. SDS-keunstgers
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein
Graach foar 17 maaie!


Good-old Henk Ruiter giet foar keunstgers
Âld-SDS’er Henk Ruiter hat ek 5 keunstgerslotten besteld fia de webside. Hy giet foar keunstgers, al komt it foar him wat te let: Ik hie froeger ek wol op keunstgers spylje wollen! Ach…as “minnefjildgeneraasje” letter sterke ferhalen fertelle kinne hat ek wol wat………”

SDS-Paintparty Tsjerne
Ein maart wie der in SDS-paintparty yn de Tsjerne wêrbuy de opbringst bestimd is foar it nije keunstgersfjild. De opkomst hie wat grutter kinnen, mar wy hawwe der dochs wer €110,-by. Tige by tige dêr foar!

Feilingmaster foar SDS-feiling op SDS-jûn
Foar de feiling op de SDS-jûn op 30 maaie hawwe wy al in alderkreaste feilingmaster fûn. Wa ’t dit is hâlde wy noch efkes ûnder de pet, mar it is wier de muoite wurdich.

SDS Vr1
Sij reizgje hjoed ôf nei Skearnegoutum om de striid oan te gean mei de pleatselike froulju dêr.
Om 19.30 begjint it.

“Keningsnachttoernoai” jûn yn Menaam
SDS 1 en A1 binne klear mei harren seizoen, mar inkelde jongens meie dochs noch efkes fuotbalje. De spilers ûnder de 23 jier sille jûn meidwaan oan it 7-tsjin-7-toernoai by Foarút yn Menaam. Frans Munsterman sil it ploegje liede. SDS sit yn in poule mei Foarút, Oosterlittens en DFJC. Dit is dus wat feroare t.o.f. ôfrûne moandei. Jim kinne der hjir mear oer lêze. It begjint om 18.30 oere.

SDS 2
SDS 2 is dit seizoen 10e wurden en dat betsjut dat sy noch de neikompetysje yn meie om te foarkommen dat sy degradere. De earste ronde fan de neikompetysje binne sy frij. Yn de twadde ronde meie sy los op Pinkstertiisdei om 19.00 oere thús en op sneon 30 maaie út. Dêrnei sit der efentueel noch in finale yn op neutraal terrein. Mooglike tsjinstanners binne û.o. Nijland 2 en BCV 3.

Skorst
Lourens van der Pol “treft” it dit seizoen mar mei syn skorsingen. Wylst de A’s al klear wienen mocht hy noch efkes mei SDS 1 mei en wat barde der? Lourens pakte syn 4e giele kaart en is skorst foar 1 wedstryd.

Ut in âlde Treffer
Der wiene tiden dat SDS leden fan fertsjinste útrôp fan wege frijwilligerswurksumheden. Tsjintwurdich  binne der safolle frijwilligers dat er gjin begjinnen mear oan is.

Dit stikje komt út de Treffer fan 40 jier lyn (oktober 1975)


Harsens derby (1498)
Dan kinne je miskien better Dooitze efkes roppe…………. Nee, net om de bal te stopjen………