SDS-dei super slagge!

SDS 3 kampioen
15 mei 2016
Pinksterweppers
15 mei 2016

Wat hawwe wy juster wer in moaie dei hân!

SDS 1 wûn mei 3-0 fan Oudehaske en bleaun sa yn de 3e-Klasse en SDS 3 waard kampioen!
Set dêrneist it kampioenskip fan Vr.1 en A1, muzyk fan Jan Nota, mar leafst 150 lju te barbecuen, in potsje toulûken, in Draaiend Rad mei bulten prizen en in tige slagge feiling en je kinne je begripe dat alle SDS’ers hjoed mei in grutte glimk op gesicht wekker waarden!

Om wat jild binnen te heljen foar in moai stek om it nij oan te lizzen keunstgersfjild waard der dit kear in “lytse” feiling hâlden. Wy kinne wol sizze dat dit tige slagge is. Feilingmaster Jelmer Posthumus slagge der yn om mar leafst €1650,- binnen te heljen! Letter mear hjir oer.

Der wienen juster wer hiel wat frijwilligers aktyf. Allegear tige tank!
Wy wolle hjirby noch efkes ekstra tank sizze oan de barfrijwilligers fan juster.
Stefan van Krimpen, Amarins Spoelstra, Klaske Plantinga, Tineke Huitema, Sipke Hiemstra, Rick Hendriks, Elger Turksma en Wiebe Heeres tige by tige!

Ek wolle wy de Skoalleseize, de KF en de keunstgerskommisje tank sizze foar alles wat jim juster foar ús dien hawwe!

Wy binne grutsk op jim allegear!



Wy dogge it mei syn allen!!