Pinksterweppers

SDS-dei super slagge!
15 mei 2016
Slotdei Jeugd
15 mei 2016

SDS-feiling grut súkses!
De “lytse” SDS-feiling fan juster wie in grut súkses. Feilingmaster Jelmer Posthumus slagge der yn om mar leafst €1650 binnen te heljen foar in moai stek om it nij oan te lizzen keunstgersfjild.

Wy dogge it mei syn allen!
Tiisdeitejûn om 19.00 oere rekkenje wy wer op jim. Dan kinne wy Klaas Overal wer efkes helpe om de tegels, it stek en de reklamebuorden rûn it haadfjild derút te heljen. Jou je efkes op fia info@vv-sds.nl. Dan witte wy hoefolle kofje wy sette moatte;) Je meie tiisdei fansels ek sa oanwaaien komme. As der wer sa folle komme as ôfrûne tongersdei dan binne wy miskien wol yn in oere klear!

Pupillen fan de wike

Gjelt Kempe en Yke Gaastra wiene de pupillen bij de wedstriid SDS1 – Oudehaske 1. Sij diene dat geweldich want SDS 1 wûn mei 3-0. Nei ôfrin woene se mei Wiebe Heeres op de foto.

Foto’s Henk Bootsma
Henk Bootsma hat juster wer kreaze plaatsjes sjitten by SDS 1 – Oudehaske 1. Jim kinne se hjir op Facebook sjen.

Jaap plukt de bal út de loft.
Foto Henk Bootsma

Memmedei…….
Troch it kampioenskip fan A1 ferline wike wienen de mannen fan Van der Pol ferline wike memmedei glêd fergetten. Wat kaam it dan ek moai út dat sy juster mei it draaiend rêd in moai DA-Fizelpakketsje wûnen. Bingo tochten de mannen! Spitich genôch blike by út útpakken troch mem dat it om in mannegeurke gie…… No mar wer in jier wachtsje om it goed te meitsjen..

Joop de Boer ferstoarn
Ald SDS trainer Joop de Boer fan Akkrum is fannewike ferstoarn. Hij kaam yn 1975 nei SDS en syn earste training makke djippe yndruk. Hij liet de A-seleksje in rûntsje Easterein, Wommels, Iens, Hinnaard, Itens Easterein yn in heech tempo drave. Joop sels siet op de fyts.
Hij hat 4 jier trainer west bij SDS.

vv Scharnegoutum
De klup fan ús nije trainer Marco Hoekstra, âld-SDS’er Anne Stenekes en de nije klup fan Remco Bervoets is yn de 5e-Klasse tegeare mei FDS boppe-oan eindige mei in rekordoantal punten fan 65. Om ’t it doelsaldo net telt sil der in beslissingswedstryd spile wurde. Dizze is tiisdeitejûn om 20.15 oere op Skoatterwâld op de fjilden fan vv Heerenveen.




Letter mear!