SDS 5 wint wer ris

SDS 1 nei prima oerwinning
12 april 2003
Noch mear kaartsjes?
14 april 2003

CVO – SDS

 

Ik as leek waard frege om de wedstriid tusken Froubuurt 2 en Easterein 5 te ferslaan en as’k earlik bin, dêr wie’k yn earsten net tige bliid mei want wat kin men wol en wat kin men net skriuwe. As earste rûn ik efkes troch de kantine fan CVO en dat like der op. Der hong súver in hiel oare sfear as yn de measte kantines. Hjir hong de sfear fan keatsers, bygelyks Piet Jetse Skraber en ik mar sykje ûnder de suporters, spilers en lieders nei bekinde gesichten mar nimmen smiet in baltsje op. CVO, in klup mei mar twa teams en doet ik it programma boekje kocht fan dizze wedstriid wist ik, dit hat Aant witten, dit hat hy in oar yn de skuon skouwe wollen. Hy wist dat it twadde fan CVO mar ien puntsje hie (it earste hat min ien yn de sechde klasse!) en gie net mei omdat it fiifde de lêste wike min draait. Under it mom fan, ik ha wat lêst fan de gryp en ha opdracht krigen fan Loor om net te skreauwen en te ôljen, liet hy dizze wedstriid sjitte want stel jo foar dat wy dêr punten ferlieze, dan kin’k de earste tiden ek net op’t wurk ferskine.

 

In lyts algemien wedstriid ferslach:

It oantal korners wie 1-1, it oantal frije trapen wie 0-0 want dat kaam troch in perfekte skiedsrjochter. Och, hy fluite wol ris mar dat wie meastentiids dat immen de frije traap allang nommen hie want as dy man fluitsje moast dan moast earst it fluitsje tusken de klaaigrûven fan syn hannen út helle wurde en op dy fiif minuten koene beide ploegen net wachtsje. Dan de karamboals, dat wie mei de bal 1-1. De jongste CVO er rakke as earste de bal tusken de fuotten en omke Ype rôp noch, fersichtich jonges, hy hat der ek al gefoel yn hear. Om omke net te lang laitsje te litten fleach hy daliks wer nei foarren. De SDS er Piter fleach net sa hurd mear want hy waard fol rakke. It slimste wat him oerkaam wie net de hege stim mar dat Piter “wijdbeens” tsien minuten oerslein waard yn de kombinaasjes. Tige slim wie de aksje fan Jacob (soks kin eins net) want hy soe mei in moat Jelle hakje de bal spylje mar syn lange skonken setten troch en rakke de âldste spiler fan CVO fol yn’t krús. Sa waard it dochs noch 1-2. Wol wie’t ferfelend dat it fiifde de hiele wedstriid oer de lofter kant spile want CVO moast net it gefoel krije dat oan de rjochter kant fjouwer út it fjirde mei diene.

Dan de wedstriid sels want dat fiifde moast dochs winne kinne? Hiel bryk sjoen dan gie SDS yn’t selde sop mei as CVO, it wie net om oan te sjen. Foaral de twadde helte want de gang wie der út, elk gie mei it gesicht nei de sinne stean om in bytsje kleur te krijen fan de sinne en de wedstriid hobbele mar fierder. Net dat it SDS wat útmakke want hja stiene mei it skoft al mei 1-7 foar. Eins wol’k it net oer de makkers ha want it lei yn earste oan de keeper. In normale fangbal gie by him tusken de hannen troch, hy rôp ja, ik ha him mar daliks, nee, ik ha him net. In slop skotsje oer de grûn, in kop bal fanôf de 16 dy fiif kear stuitert, alles gie der yn. Ik hie’t gefoel dat der mear handele waard yn jirpels dan earne oars om.

It waard úteiliks 2-10. Topper waard âld klaaipoat Ype mei seis treffers en goait daliks wer Eddy syn kânsen yn as topskoorder fan SDS. Bertus prutste der twa yn, Jacob ien mei de kluts en Piter, dy doe de fuotten al wer wat byelkoar krije koe makke de lêste.

Fierder mei it gjin namme ha dat Stoffel der by Jaap ien yn skeat en dat CVO der in moai frije traap ynwâlden. Fierder hat keeper Jaap neat te dwaan hân en sels net doe hy de bal samar nei in tsjinstanner skopte dy noch gjin tsien meter fan him ôf stie mar dy sels sa skrok dat hy tweintich meter nêst skeat.

Aant, om my bist der nije wike wer want lit my mar fuotbalje yn plak fan ferslaan.

 

In gast skriuwer.