SDS 1 nei prima oerwinning

Utslaggen 12 april Senioren en A1
12 april 2003
SDS 5 wint wer ris
13 april 2003

SDS tûk nei in 3-2 oerwinning

 

It hoech net altiten goed te wêzen. At it mar punten opleveret. Dat is it kenmerk fan in topploech. Nim no SDS dat nei de Jouwer moast. In ymponearende akkomodaasje en in tsjinstanner dy’t wat wikselfallich is. In tsjinstanner dy’t ek graach winne woe.

Dochs wie it SDS dat de bettere kânsen krige.  Harm skeat oer, de doelman rêd op in ynset fan Hindrik, Tsjipke Klaas sjit neist en Hindrik mist yn in skrimmage. De Jouwer sette dêr net folle echte kansen tsjinoer.

It wie fertsjinne dat SDS op 0-1 kaam. Hindrik koe nei in misser yn de ferdigening oprukke nei de doelman en skeat mei in protte fertrouwen de bal tsjin it net. In goeie opstekker.

De Jouwer krige dêrnei wol mear hoekskoppen mar echt gefaarlik waard it net.

Nei de thee yn de 6de minut joech Durk Yde Sjaarde de bal ôf nei Hindrik de Jong en dy tekende syn twadde doelpunt oan.

Mei 0-2 like de saak binne. De skiedsrjochter, dy’t fierders goed fluite brocht de Jouwer wer yn de wedstriid troch in strafskop te jaan nei in gewoan kopduel. De 1-2 kaam op it boerd en de Jouwer gie foar mear. It waard ek mear. Yn de 35ste minut waard it 2-2. Net ien joech mear wat foar de kansen fan SDS. Mei Skelte Anema foar Durk Yde en Jan Simon Jelsma foar Anne Stenekes sette SDS noch wol oan mar doe’t de 45 minuten al op de klok stiene wie it noch 2-2.

En doe wie der wer sa’n aksje fan Hindrik. Op snelheid it strafskopgebiet yn en de skeids lei de bal terjochte op de stip nei in oertreding.

Harm Stremler dy’t net in gelokkige wedstriid spile miste ien kear, twa kear mar yn tredde ynstansje gie de bal der wol yn.

2-3 en dat waard net mear weijûn. Henk Postma kaam der noch yn foar Harm Stremler foar de lêste minut.

 

Giele printen wiene der foar Harm Stremler en Tsjipke Klaas Okkema. Dizze hawwe noch gjin gefolgen foar kommende sneon mei de topper fan Mulier yn it foarútsjoch.