SDS 4 falt yn de priis

Ut- en ferslaggen 28-11
27 november 2015
Weppers snein 29-11
29 november 2015

SDS 4 moast sneon nei Ouwesyl.
Fuotbalje tsjin Ouwesyl 2.
No wit de wepmaster dy’t ek op dit nivo fuotballe hat, út eigen erfaring, dat fuotbalje yn Ouwesyl gjin straf is.
Dat liket it earst miskien wol at je yn dizze tiid fan it jier dy kant útride, it grize lân sjogge en at je dan ek noch ris tinke oan in reklameslogan fan hiel wat jierren lyn om mear huzen te bouwen yn it doarp ticht bij de waadsee : “Wie wil der nou in Ouwesyl weune?”

Mar al dy foaroardielen binne net wier.

Fan in grutske oanfierder Eeltje Postma krigen wij sneontemiddei de berjochtjes:

“Wij hawwe fan de tsjinstanders de blaue kaart krigen fanwege ús geweldige gedrach ten opzichte fan de tsjinstanners”

“Wij hawwe wol mei 3-2 ferlern mar we troffen in geweldige tsjinstanner”

“Machtich moai”

“Foaral Henk de tsjinstanner wie geweldich”

“En de barfrou wie ek noch in kear super”

In suver emosjeniele Eeltje Postma, hij hoegde noch krekt net te gûlen, krijt it dokumint …..


De blauwe kaart dus


mei it dêrbij hearende dokumint, mei dêr op in kompliment foar foarbyldich gedrach yn trije helten.

At de fraach yn de takomst is:  Wie wil der nou in Ouwesyl speule, dan is it antwurd fan SDS 4: ja, graach

Oh ja: de útslach wie 3-2 foar Oowesyl en troch de alteraasje hawwe wij de doelpuntenmakkers net trochkrigen.