Weppers snein 29-11

SDS 4 falt yn de priis
29 november 2015
Weppers tiisdei 1-12
30 november 2015

SDS C3 stunt!
Jan Spar ferliet de wedstriid SDS C3 – Arum-Stormvogels C1 mei in tuskenstân fan 0-5. Doe’t er syn Posthuma brôchje op hie en werom kaam, stie it 5-5……..

It sit net mei
It sit Inne Heerma dit seizoen net mei. Nei krekt hersteld te wêzen fan in brutsen noas hat hy juster in dikke blauwe knibbel oprûn. Wy hoopje dat it wat tafalt en dat hy gau wer fuotbalje kin.


Reinbôge
SDS A1 spile juster ûnder prachtige waarsomstannichheden yn Snits. Foar de foto’s wolteferstean.


Drave
Sneon wie de Slachterin. Tal fan (âld) SDS-ers dien dêr oan mei. Fan sommigen ferwachtsje je it omdat se altyd drave. Fan in inkele hien wij it net tocht. Sa as
nû 27 fan de 5 kilometer.

Wedstriidstatistyk
Alles wurdt tsjinwurdich fêstlein yn statistiken. No binne wij dêr slocht op dus soms sjogge wij mei ferbazing nei sommige plaatsjes.

Sa as dizze. De giele stippen binne de plakken wër’t Roda spilers yn de earste helte tsjin sc Hearrenfean de bal oanrekken.
Wat dus opfalt is dat se net ien kear yn it strafskopgebiet fan de doelman fan Sc H. de bal oanrekke ha….

Harsens derby (1633)
Dizze supporter is it paad efkes bjuster…………