SDS 2 mei de hakken oer de sleat yn Makkum

Knabbel en Babbel dwaande mei takomst
10 oktober 2003
Utslaggen 11-10-2003
11 oktober 2003

SDS 2 hat hjoed mei 1-0 yn en fan Makkum wûn. De wedstriid kinde twa gesichten. De earste helte wie SDS oppermachtich. De twadde helte wie foar Makkum, al krige SDS de beste kânsen. It wie Robert Sybesma die ’t foar SDS yn de earste helte de 1-0 makke. Nei in stekbal fan Skelte Anema kaam hy allinnich foar de keeper. Robert skoorde knap en makke hjirmei syn twadde goal  yn fjouwer wedstriden. SDS liet sa no en dan Makkum alle kanten fan it fjild sjen. Jeroen Brouwer en Skelte Anema krigen beide goeie kânsen, mar koenen de keeper fan Makkum net passearje. Nei de rêst wie it Makkum die ’t alles op alles sette. Marten Faber keepte knap en moast ien kear optrede doe ’t der ien allinne op him ôfkaam. Harm Auke Dijkstra krige foar SDS noch in dikke kâns mar allinne foar de keeper miste hy jammer genôch. It bleaun 1-0.

Skelte Anema rekke noch blesseare oan ‘e knibbel. Hooplik falt dit wat mei.

Folgende wike sneon moat SDS 2 foar de beker nei TOP ’63 yn Toppenhúzen.