SDS 1 wer koprinner

SDS League: The Butchers rinne út.
18 december 2003
It avontoer fan Sjoerd en Jan
19 december 2003

It 1e sealteam fan SDS hat juster de kopposysje wer oernaam fan WZS. Yn de ûnderlinge wedstriid waard mei 7-5 wûn yn in spannende wedstriid.

Beide ploegen hienen dizze kompetysje noch mar 1 kear ferlern en wienen bekend mei de belangen fan dizze wedstriid. SDS begie skerp en krige lyk wat kânskes. Yn ‘e 5e minút resulteare dit yn ‘e 1-0 fan Willem. SDS liet WZS oan ’t de middenline komme en pakte it dêr op. Foaral de spitsen fan WZS moasten net te folle oan ‘e bal komme oansjoen dy knap fuotbalje kinne. It wie Harm dy der yn ‘e 10e minút 2-0 fan makke. Binnen 2 minúten wie it alwer 2-1. Yn ‘e 19e minút in skitterende oanfal. Eltsenien wie yn beweging en de bal gie nei foaren troch de bal allegear yn kear te reitsjen. Feite sette sa Peter skitterend allinnich foar de keeper en it wie 3-1. Binnen de minút wie it alwer 3-2. Echt ôfstân nimme slagge dus net. Peter makke dan wol wer lyk de 4-2, mar WZS ek lyk wer de 4-3.

Foar de twadde helte wie it saak om WZS net lyk werom yn ‘e wedstriid te bringen en te soargjen in gatsje te slaan fan twa doelpunten. Dit like net hielendal te slagjen doe ’t WZS knap begie te kombinearjen en SDS efkes net wist wer sy it sykje moast. It waard sels 4-4. Yn ‘e 13e minút waard it yn ien kear hielendal wer oars. Willem skoorde binnen de minút twa kear. Yn ‘e 18e minút waard it dan noch wol 6-5, dochs like de wedstriid spile. Robert, die ’t in beste wedstriid spile, koe der sels noch foar soargje dat it 7-5 waard. 

SDS hat no twa wiken frij en mei dan út tsjin Genemuiden. SDS hoecht mar ien ding te dwaan en dat is alle wedstriden winne. It seizoen wurdt dus noch dreech genôch. WZS liet sjen in hiele goeie ploech te wêzen die ’t hiel maklik skoord at it moat. Sy sille dan ek net folle punten mear lizze litte. SDS is lokkich genôch 3 punten riker (en Willem W. in kies lichter).

Hjirby noch efkes tige tank foar de (massale) opkomst fan supporters.