SDS League: The Butchers rinne út.

Bekerlotting
17 december 2003
SDS 1 wer koprinner
18 december 2003

De “Butchers”(LB) rinne wer in moai ein út en kinne de earste priis hast net mear ûntrinne. Ek pakke sy dizze wike de wykpriis wer efkes.

“Mukkes”(MH) lit de kop wat hingje en pakt dizze wike 20 punten minder as direkte konkurrint “The Butchers”(LB). Hy sakket nei it 3e plak.

“FC Zak ‘es lekker door”(TdJ) snapt der hielendal neat fan. No giet der wer fan 12 nei 7 dizze wike. Ik soe de folgende kear dochs foar in oare namme kieze.

“Team Stroh”(WZ) hat de rin der aardich yn. Forige wike de wykpriis en dizze wike fan 25 nei 13 en op in hier (1 puntsje) nei gjin wykpriis.

Ûnderyn is it noch tige spannend tusken de nûmer 89 en 90. “Kuipers Haarmode”(F en SS) stiet noch al ûnderoan, mar hat mar 2 puntsjes minder as “Swenggg!”(TH). It sil my benije.
 
Groetnis, Willem.

Hjir kinne jimme kinne de nije stân fine: wike 11.