SDS 1 seal wint yn ‘e polder

SDS E2 Winterkampioen!
23 november 2002
SDS F1 overtuigend kampioen!
30 november 2002

It 1e sealfuotbalteam fan SDS hat woansdeitejûn mei 9-3 wûn fan Espel. SDS wie foar it earst dit seizoen kompleet en spile mei Jan Simon Jelsma, Feite de Haan, Anne Stenekes, Harm Stremler, Peter en Robert Sybesma en Willem Wijnia. By SDS die nei wiken Peter Sybesma ek wer mei. Nei in tiidsje sukkele te hawwen mei syn knibbel wol hy it dochs wer yn ‘e seal probearje oansjoen hy dêr eins noait lêst hat fan syn knibbel. Op it fjild sil it allinne earst wol neat wurde. Nei de winterstop giet hy foar kijkoperaasje fan ‘e knibbel nei it sikehûs.

De wedstriid, die at yn Creil ferspiele waard, hat eins noait spânnend west. SDS begie skerp oan ‘e wedstriid. Dit moast ek wol dêr sy hast eltse wike yn ‘e earste minuten al in goal om ‘e earen krigen. SDS probeare sa folle as mooglik de bal ien kear te reitsjen en dit slagge aardich. Espel kaam der yn ‘e earste helte net oan te pas en stie mei rêst dan ek mei 0-6 efter. De twadde helte hie dernei net mear spile wurde hoecht. De jonges fan Espel begienen tsjin de skiedsrjochter te krimenearen en makken inkelde swiere oertredings. Sy spilen dan ek geregeld mei in man minder troch giele kaarten. SDS hie it allinne wol besjoen en spile de wedstriid rêstich út. Jan Simon pakte yn ‘e lêste minuten noch in penalty en Peter waard man fan ‘e wedstriid mei fjouwer goals. SDS wûn mei hjirtroch terjochte mei 9-3.

Doelpuntenmakkers:
Peter 4x
Feite 2x
Willem 2x
Harm 1x