SDS 1 – ONS 1

Basso wint Cauberg-Cauberg
18 augustus 2006
Wepperkes -snein-
20 augustus 2006

SDS hat sneontemiddei foar de beker spile tsjin haadklasser ONS. Op sich in prachtige ploech om as gast te hawwen, mar net in ploech om in oerwinning te heljen. Seker net at it der sa foar stiet as sneon.

Fakansje/keatse/fytse
Dat skine trije redenen te wêzen om om der net te wêzen. Foar trainer Marcel Frankena betsjutte dit sykjen om 14 spilers. Derom dit “bizarre”ferslach

Klik op de foto om originele grootte te bekijken

Troch it keatsen en de neisit wie der amper romte yn de kantine om de opstelling mei de seleksje efkes troch te nimmen. Dêrom hâldt Marcel mar in “hagepreek” bij de jeu de balje baan. Der waard foar de wedstryd ek flink fûske, want in protte nije gesichten.

Klik op de foto om originele grootte te bekijken
Wij koene gelokkich de opstelling en nammen efkes yn byld krije, sadat der foar ús gjin ferrassingen wiene.

Klik op de foto om originele grootte te bekijken

Dy mei de oranje sjurtsjes oan binne de Snitsers, mar wa binne dy wyt-swarten?

Klik op de foto om originele grootte te bekijken
Frek, dat lykje Floris en Harm wol, en sjoch ik Jacob Klaas de bruorren Postma, Tsjeard Halbersma , Skelte Anema Remco Brouwer en Ruurd Boorsma dêr net stean. Mar wat binne dy oaren?

Klik op de foto om originele grootte te bekijken
Sjoch ris oan… dat is Arjen van Putten. Ferline jier noch yn A1.!!!!
Klik op de foto om originele grootte te bekijken
Jeetje mie neetje, dat is Johannes Tichelman, ferline jier ek A-spiler en ek fan Kûbaard
 
Klik op de foto om originele grootte te bekijken
En sjoch dêr: dat is Redmer Strikwerda, ek net ien fan de âldsten
 
 
Klik op de foto om originele grootte te bekijken
En yn de dugout sit ek in nij gesicht: Jaap Toering fan Weidum
 
Klik op de foto om originele grootte te bekijken
32 minuten en 0-2 troch twa kear in bal oer de doelman hinne
 
Klik op de foto om originele grootte te bekijken
Marcel krijt ek de gelegenheid om Skelte wat út te lizzen en Skelte krige efkes tiid om slokje wetter te nimmen. Jaap Toering harket ta.
 
Skore ferrin
7 : 0-1
20: 0-2
52: 0-3
87: 0-4
89: 0-5
 
 
 
Henk Postma krige noch in giele kaart, Wesley Hoitinga is wer krekt lid en mocht ek noch op drave, lykas Pieter Kamstra.
 
Kommende tiisdei yn Harns tsjin Zeerobben