Wepperkes -snein-

SDS 1 – ONS 1
19 augustus 2006
Wepperkes -moandei-
20 augustus 2006

A1 bekert freed
De bekerwedstryd fan A-1 fan fan sneon 26 augustus is ferskood nei freed 25 augustus. Om 19.00 oere trede se oan tsjin BergumBCV A-1. De wedstryd wurdt spile yn Easterein.

Freonepas
De freonen fan SDS hawwe no allegear harren eigen pas krigen. Mei dizze pas kinne se de thúswedstriden fan SDS1 frij besykje en kinne se in bierke keapje tsjin de normale priis.

It leit er wer kreas bij
De ôfrûne wike is it fjild wer klear makke foar it fuotbaljen. Fan Douwe Reitsma krigen wij in  “aksjefoto”

De jongfeinten (Andries Stuiver en Jan de Boer) koene de gatsjes mar min fine. Fan de flagge stokken wol te ferstean. Mar lokkigerwize wiene der wat erfaren minsken bij (Jan de Jong, Harm Bergsma en Douwe Reitsma) die ‘t helpe koene

Programma kommende wiken
De kommende wike giet it ek oan mei it fuotbal. It programma fan de kommende wike sjocht er sa út.

Basso
Dirk Yde Sjaarda is earste wurden. Der wiene trije dielnimmers oan ús poule dy’t dat ek tocht hiene. Der wiene noch wol 24 oaren, dy’t net meidiene en dy’t no sizze: hie’k wol tocht.
Omdat wij dy 24 net kinne, wolle wij de priis dochs mar útrikke oan dizze trije dielnimmers. Wij kinne dêr dreech oer dwaan en lotsjen gean. Dat dogge wij dus net. Wij brâne der gewoan noch twa CD’s bij en Hammie Westra, Bas van der Wey en Sjoerd van Beem wurde de gelokkige eigners fan dizze prachtighe fyts CD.

Wat stiet er op de CD?
Kommende tongersdeitejûn nei it trainen sille wij offisjeel de CD útrikke oan Bas, Sjoerd en Hammie. Alteast at se der binne, oars soargje wij dat se him oars krije. En omdat Bas bartsjinst hat tongersdeitejûn kinne jim meisjonge mei al dy ferskriklike fytslietsjes. Dus foaral komme.