Sc Heerenveen-clinic en -sponserrin

Weppers tongersdei 2-7-2020
2 juli 2020
Efkes Balje
4 juli 2020

Hjoed wie it dan eindelijk safier! De sponserrin en de sc Heerenveen-clinic foar de jeugd fan SDS en Nijland oant en mei de JO13.

Om 9.20 oere waard bekend makke dat der mar leafst €2385,- binnenhelle is troch de jeugd fan SDS en Nijland. Auke-Andries en Rimmer hienen de measte sponsers binnenhelle en meie in kear mei noch in soad oare bern fuotbalje tsjin sc Heerenveen. Wannear ’t dit plak fine sil is noch net bekend.

Nei de bekendmakking mochten de jongens en famkes gau de sponserrin drafe as moaie warming-up foar de sc Heerenveen-clinic.
Lourens van der Pol fan SDS 1 en Mente de Boer fan Nijland 1 losten it startskot.


Nei de finish krige elkenien in sjurtsje.
sc Heerenveen clinic 4-7-2020
Foar de clinic mocht elkenien noch efkes op de foto yn it sjurt wat sy fan sc Heerenveen krigen hawwe mei klupmaskotte Hero.


De bern hawwe nea fernaam dat it reinde.