Foar by de sponserrin binne wy noch op syk nei in pear ferkearshulpen. It duorret miskien net sa lang, mar is wol nedich. De sponserrin begjint om 9.30 oere. Wa ’t beskikber is graach efkes melde by Tjerk van der Pol (06-40614250).
Wy binne bliid om te melden dat sawol Anneke Gaastra as Marjo Groothof folgend seizoen wer yn de jeugdkommisje sitte. Dêrneist komt Gerbrich Wiersma út Nijlân de jeugdkommisje fersterken.
SDS 2 hat tiisdei foar it lêst traind dit seizoen. Dat betsjutte foar Okke van der Kamp syn lêste training as trainer fan SDS 2. Hy sil folgend seizoen Sint-Anna 2 traine. Nei ôfrin fan de training waard Okke noch efkes yn it sintsje setten. Ut namme fan SDS 2 krige hy fan Jort Strikwerda in boek en in flesse spesjaalbier. Ut namme fan it SDS-bestjoer krige hy fan de foarsitter ek in boek. Hy krige in boek oer Louis van Gaal en Leo Beenhakker. Okke’s ien nei grutste foarbylden nei Simon Kistenmaker 😉
Okke hat de SDS-klean al oan de line!
No’t der wer wat mear romte komt yn de sportkantines, mar it fuotbalseizoen der op sit, like it ús wol aardich om fan ’t simmer noch in alderaardichst fuotbalkwiske yn de kantine te hâlden. Fansels mei as haadpriis in beker fan 1,5 meter…….. Wy binne noch yn ûnderhanneling, mar as wy mear witte dan binne jim de earsten dy ’t it heare. Mochten je meidwaan wolle mail dan fêst nei info@vv-sds.nl of lit it Willem Wijnia witte. Dan sette wy jim fêst op de list en fiskje jim yn elts gefal net efter it net.
Oardel meter drûge woarsten…….
De lêste Treffer fan it seizoen leit by jim yn de bus of is ûnderweis. De Trefferredaksje winsket jim hjirby allegear in hiele noflike simmer ta!
Sc Heerenveen hat ynmiddels al mear as 6000 seizoenkaarten ferkocht. Hjir kinne fansels noch folle mear by. Asto dyn seizoenkaart fan sc Heerenveen ferlingen giest of do keapest ien dan is dit de SDS-code; 7059420. SDS krijt fan eltse ferkochte of ferlingde seizoenkaart wêr ’t de SDS-code ynfuld wurdt €10,-. It soe moai wêze as wy as SDS’ers op dizze manier sawol sc Heerenveen as SDS stypje kinne!
Klik hjir om je seizoenkaart te ferlingen of te keapjen. Giesto foar it Gouden of Sulveren Pompeblêd?
Kappe no!
Unreal from the fella with the cap 😂
(🎥 Boleiro FC)#SundayLeague pic.twitter.com/P2qu0kM0xm— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) June 30, 2020