Efkes Balje

Sc Heerenveen-clinic en -sponserrin
3 juli 2020
Weppers tiisdei 7-7-2020
7 juli 2020

It sil yn de jierren 60 west ha dat ek ik it fuotbaljen kombinearde mei wat fantasij.
Dat fuotbaljen diene wij yn Wommels op de dyk of op in ferlitten stik lân dat letter folboud wurdt mei huzen.
Twa man “poatsje” en op basis fan kwaliteiten wurde wij keazen. It kin ek wêze dat it skoeisel it bepaalde, want dy’t mei (te) grutte learzens oansetten kaam, waard it lêst keazen.
At de partijtsjes gearstald wiene, rôp der earst ien “alles earst” en dan wisten je dat de earste yngoai, de earste frije traap en de earste strafskop fersein wiene.
“Ik bin Sjaak Swart” rôp de earste “ik bin Cruyff” rôp in twadde sûnder beskieden te wêzen en de tredde fûn dat hij Geels wie. Der waard fansels noch wol efkes spul makke want der wiene mear dy’t Cruyff wêze woene. De 020 spilers wiene populêr doe en ik koe gelokkich frij útsykje want krekt yn dy tiid bin ik foar Feyenoord wurden. Altyd dwers sille jim wol tinke.
Freedtejûn wie der wer in echte edysje fan it Efkes Balje yn Wommels. Echt, omdat de (bad) boys fan Itens back wiene en omdat der mar leafst 15 man it ideale fuotbalwaar trotsearden.
It wiene allegear lytse Hiltermantsjes want de tastân yn de wrâld waard earst besprutsen. Op oardel meter ôfstân woe hast elkenien Johan Derksen wêze. Net yn it fjild fanwege syn fuotbaljende kwaliteiten mar om syn iepen en frije miening. En om syn grapkes. Wij wiene it aardich iens bûten it fjild mar binnen it fjild wie it oars. Der waard net “poate” mar keazen foar de meast maklike en útdaagjende yndieling. De 7 jongsten tsjin de 8 âldsten.
It waard in prachtige striid mei wikseljende kânsen. Jong foar, âld foar ( mei in moaie searje doelpunten fan Folkert Rients dy’t it opnimme moast tsjin mar leafst twa soannen) mar de lêste 5 minuten waarden de âldsjes fataal. Pupillenflaters resultearren yn trije doelpunten tsjin, ek omdat de drang om te winnen te grut wie en de romtes wat te grut waarden.
Nei in bekfol wetter moast de 2 doelpunten finale de úteinlike beslissing bringe. Ald foar, mar jong luts oan it langste ein.


It is in aardichheid om sa wer te fuotbaljen, it spesjale bierke nei ôfrin wie fan in swier of in licht kaliber en mei Captain Morgan en mei mar leafst 77 krûden yn de bearenburch op de foargrûn wie de toarst gau oer. Op de eftergrûn seach Johan Derksen dat it goed wie…..
Jong: Sjirk Jetze, Douwe Jan, Jurjen, Menno, Remco, Wiebren en Pieter
Wat minder jong: Harrie, Ferrie, Bonne, Wouter, Kerst, Folkert Rients, Klaas en

Aant