Sealfuotbal sûnder sniestjêr

Klaas Okkema nije trainer SDS 2
11 januari 2004
Rokers fine elkoar
11 januari 2004

Sneon 10 jannewaris wie it tradisjonele “gebak” toernooi foar senioren en A-junioren. Klaas Okkema koe himt toernooi noch herinnerje as it “sniestjer” toernooi en hy wie dan ek oprjocht ferbaasd dat it slachreammetaarten wiene. Hie hy dat earder witten dan hie hy mei syn ploech fêst heger einige as it 5de plakje.

No sil hy op de kofje (mei gebak) moatte by syn buorman Koos Plantinga. Want Koos gie mei Jappie Wijnia, Pieter Groenveld, Syb Overal, Pieter Kamstra, Jelle de Boer, Jentsje Jorritsma en Roel Sijbesma oan de haal mei de 1ste priis. De priiswinners woene nei dizze ynspanningen leaver net op de foto (it tekent by sommigen sa)  sadat wy folsteane mei in faach byld.

Twadde priis wie foar Jos Zonderland, Rudy Dijkstra, Rinse Joustra, Tjerk Okkema, Jelte de Boer, Sjoerd Rispens en de tige teloargestelde Sipke Hiemstra en Marco Hoekstra dy’t noch oeren oan de bar sieten om te praten oer  leukere dingen as in twadde priis: aaisykje.

De lieding fan alles wie yn hannen fan Roel Sijbesma mei help fan Immy Kamstra en Dukke van der Wey dy’t sûnder it elektronyske skoareboerd der foar soargen dat er oer de útslach net mear korrespondeard wurdt.