Programma sneon

Nijland 1 – SDS 1
20 februari 2015
Ferslaggen sneon 21-2
22 februari 2015

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!

      útslach
10:30 SDS B1 LSC 1890 B2  g.n.t.
12:15 SDS C1 (oefen) SDS B2  g.n.t.
14:30 SDS 2 (oefen) Scharnegoutum 1  g.n.t.
14:30 Dronrijp/Foarut A1 SDS A1  1-3
14:30 Nijland 1 SDS 1  0-0
09:00 Friesland D2 SDS D3 seal
09:20 Friesland E1 SDS E3 seal
10:40 SDS D2 TOP’63 D1 4-2
11:25 SDS E4 Frisia E14 seal
11:45 SDS F1 FVC F3 seal
11:50 SDS E1 Leovardia E1 seal
12:25 Frisia D2 SDS D1 seal
12:25 Leovardia E7M SDS E4 seal
12:30 S.C. Stiens E1 SDS E1 seal
13:15 SDS D1 Akkrum D2 seal
14:30 SDS E2 Nicator E1 seal
15:10 V en V’68 E1 SDS E2 seal

Nijland 1 – SDS 1  giet troch
De wedstriid wurdt fannemiddei op it B-fjild spile. Dat betsjut gjin tribune en gjin tegels om it fjild  mar wol fuotbal #moai

Nijland 1 – SDS 1      0-0
Yn it skoft wiene fan dizze wedstriid wiene der twa soarte fan bewearingen. A, it is bliuwt 0-0 en B, it earste doelpunt sil wol it ienige bliuwe en dus beslissend.
Op it drege fjild wie it in rommelige wedstriid. Bij SDS misten tal fan basisspilers en it liket der wat op dat de nul hâlde it útgongspunt wie. Mei lange ballen waarden de twa spitsen socht en dat resultearre yn in inkele grutte kâns en wat driigjende sitewaasjes. Nijland, de koprinner koe it ferskil op de ranglist net sjen litte en ek sij hawwe net de echte foarm op dit momint om hiel dwingend te wêzen.
0-0 bij it skoft en 0-0 oan de ein. Dat hie yn de twadde helte wol oars wêze kinnen. Bij Nijland waard in goeie ynset fan SDS fan de line helle en dat selde Nijland krige in oantal goeie kânsen. It wie foar SDS de lêste 20 minuten foaral in saak fan opromje en dat it leafst sa fier mooglik bij it doel fan Jaap wei.
It waard ek wat hurder allegear yn de twadde helte en it drige yn de lêste minuten sels noch in “burenruzie” te wurden. Bij SDS tefredenheid oer in punt bij de koprinner en bij Nijland ûntefredenheid oer al wer puntferlies.

SDS 2 – Scharnegoutum 1  giet net troch

De kantine is fannemiddei iepen fanôf 16.30 oere!

Efkes net balje

Ferskillende Efkes Ballers fielden harren juster yn de steek litten. Der bleau mar in seistal oer en sjoen it waar wie it better om it fjild net te brûken. Under grut protest fan in oantal hiel fanatike ballers.
Wêr’t de oaren binne? Dy rinne der dizze wike sa bij as op de foto stiet.