Ferslaggen sneon 21-2

Programma sneon
20 februari 2015
Festivalterrein
22 februari 2015

Nijland 1 – SDS 1      0-0
Yn it skoft wiene fan dizze wedstriid wiene der twa soarte fan bewearingen. A, it is bliuwt 0-0 en B, it earste doelpunt sil wol it ienige bliuwe en dus beslissend.
Op it drege fjild wie it in rommelige wedstriid. Bij SDS misten tal fan basisspilers en it liket der wat op dat de nul hâlde it útgongspunt wie. Mei lange ballen waarden de twa spitsen socht en dat resultearre yn in inkele grutte kâns en wat driigjende sitewaasjes. Nijland, de koprinner koe it ferskil op de ranglist net sjen litte en ek sij hawwe net de echte foarm op dit momint om hiel dwingend te wêzen.
0-0 bij it skoft en 0-0 oan de ein. Dat hie yn de twadde helte wol oars wêze kinnen. Bij Nijland waard in goeie ynset fan SDS fan de line helle en dat selde Nijland krige in oantal goeie kânsen. It wie foar SDS de lêste 20 minuten foaral in saak fan opromje en dat it leafst sa fier mooglik bij it doel fan Jaap wei.
It waard ek wat hurder allegear yn de twadde helte en it drige yn de lêste minuten sels noch in “burenruzie” te wurden. Bij SDS tefredenheid oer in punt bij de koprinner en bij Nijland ûntefredenheid oer al wer puntferlies.

Dronrijp-Foarút A1 – SDS A1
Na de goede partij van vorige week stond vandaag de uitwedstrijd tegen Dronrijp/Meneam op het programma.
Helaas miste we een aantal spelers en Wiebe zat bij de selectie van het 1e, maar de B’s waren afgelast, dus met 3 B’s vertrokken naar Dronrijp, waar de nr. 3 op ons wachtte.
Dat was niet te zien, het eerste half uur was slapjes, van beide kanten.
In de 35e min kregen we een corner, die door Almar genomen werd, niet al te best, maar de enige die alert was, was Teun en die kon hem binnentikken bij de 1e paal. 0-1. Dit was ook de ruststand.
In de tweede helft een zelfde spelbeeld, geen hoogstaand voetbal, wel meer inzet van onze kant, maar echt veel kansen werden er niet gecreëerd, door beide ploegen niet.
Tot aan de 32e min gebeurde er weinig, maar met een minimaal verschil blijft het dan erg spannend.
Een scrimmage halverwege de helft van Dronrijp leverde balbezit op voor Almar en op snelheid kon hij er vandoor en werd niet meer ingehaald, en hij ronde koeltjes af, 0-2.
Toen leek het gespeeld, maar de scheidsrechter dacht daar anders over, een kleine overtreding, buiten de 16, werd beoordeeld als strafschop en de verder goed keepende Pieter S was kansloos. 1-2
Toen werd het toch nog even spannend, maar het toetje was echt supermooi.
In de 46e min kreeg Watse Jacob de bal, gaf hen perfect en strak voor en Habtamu tikte hem prachtig binnen.
1-3 en toen had de scheidsrechter geen rede meer om nog langer door te laten spelen.
Geen mooie wedstrijd, wel inzet en weer 3 punten erbij. De achterhoede stond weer knap te verdedigen waardoor het voor de andere lekker voetbalt en we nu ook van de nr 3 hebben gewonnen en we langzaam uit de gevarenzone klimmen.
De 3 B’s Watze Jacob, Haptamu en Inne verdienen een compliment voor hun inzet, grote klasse, weer naadloos mee gespeeld, thanks.
Volgende week 12.00 thuis tegen LSC.
Boudewijn.


SDS D1 seal
Ferry en Theo binne op wintersport. Hjoed stiene foar de D1 de lêste twa KNVB sealkompetiesje wedstriiden yn Ljouwert op it programma.
My wie frege om it liederskip hjoed fan hun oer te nimmen. Dat is mei sa’n leuke en sportieve klub jongens absoluut gjin straf.
De earste wedstriid wie tsjin Frisia D2. De hiele wedstriid lang wie SDS de boppelizzende partij. Moai kombinaasje fuotbal resultearde faak yn prachtige kânsen.
It wie SDS dy’t fuotbalde en Frisia dy’t ferdiedigde. It wie wol te merken dat de doelpuntenmakkers fan SDS d’r hjoed net by wiene, mar nei in minuut as fiif waard troch Luka de 1-0 makke. Mei 4 spilers op de bank en faak trochwikseljen wie soms de organisaasje wolris in bytsje fuort mar toch kaam nei tsiin minuten troch Gerhard ek de 2-0 op it scoreboerd. Frisia hie wol in pear lytse kânskes, mar in erg knap keepende Jeffrey koe de goal yn dizze wedstriid skjin hâlde. 2-0 winst is einliks noch in meagere ôfspegeling fan dizze goed spiele wedstriid.
De twadde wedstriid tsjin Akkrum D2 wie hiel oars. Akkrum spiele frij hurd en sette in protte druk. SDS wie hjirtroch foaral oan it ferdiedigjen. Toch wist SDS sa no en dan troch te brekken, mar foaral hjir wie it gemis fan ús doelpuntenmakkers grut. Akkrum hie in protte kânsen. Jeffrey stie syn mantsje mar koe net foarkomme dat wy nei in kertier 2-0 efter stiene. Trochsette en opbouwe en ja, Gerhard makke op prima wiize yn de 20ste minuut de 2-1. Op oorlogssterkte giene wy de lêst fiif minuten yn om in gelukspul ôf te dwingen, mar doe 2 minuten foar tiid Akkrum de 3-1 makke wie it eins wol dien. De mannen ha op sportieve wiize striiden mar ferlen. Al mei al in leuke middei mei 9 leuke fuotballers dy’t striidlustig  binne en foaral respektfol mei elkoar omgean. Super! Kin wol wer ris…

Herman

Sealfuotbaltoernoai D3  sneon 21 febrewaris
De jongens fan D3 mochten hjoed nei Ureterp ta om de lêste wedstriid te spyljen fan it
sealfuotbal-toernoai. De earste wedstriid gong super. It reinde doelpunten. Nei in 5-0 foarsprong krige Frisia D7 dochs in doelpunt en slúte SDS de wedstriid ôf mei in 6-1 oerwinning. Gerrit Gaastra hie mei 3 goals in hattrick. Halbe Willem Overal skoarde 2 kear en 1 doelpunt krigen de mannen cadeau fan Frisia.
Dernei mochten se nei in lange pauze de lêste wedstriid spylje tsjin Friesland D2. De ploegen wienen oan elkoar weage. Oan beide kanten slagge it mar net om ta skoaren te kommen. Omdat der gjin skiedsrjochter regele wie naam Grietzen Gaastra dizze taak om him. Dit foel net ta. De sportiviteit wie somtiden fier te sykjen by de tsjinstander mar Grietzen bleaun kalm oan it ein ta. De mannen ha fochten as liuwen mar yn de alderlêste minuut kaam SDS achter en wie de wedstriid beslist.
Sa eindige SDS D3 op in tredde plak fan it sealfuotbaltoernoai. In prachtig resultaat D3!
Wilma Overal