Nijland 1 – SDS 1

Weppers en seleksjes
19 februari 2015
Programma sneon
20 februari 2015

Moarn stiet de derby VV Nijland 1 – SDS 1 wer op it programma. SDS hat wat rjocht te setten neidat sy yn oktober yn Easterein mei 2-0 ferlearen.

Nijland stiet noch altiten boppe-oan yn de kompetysje mei 8 punten foarsprong op DWP en Workum. Nijland begie it seizoen mei in dikke ferliespartij tsjin SC Joure (5-1) en wûn dêrnei 12 kear efterinoar. Nei de winterstop begienen sy lyk wer net al te best mei in 1-0 ferliespartij tsjin de nûmer lêst Bant.

SDS 1 pakte foarige wike net ûngelokkich in puntsje fan SC Joure. SDS stiet dêrmei op in 5e plak mei in efterstân op koprinner Nijland fan mar leafst 16 punten. As SDS meidwaan wol om de prizen dan sil der dan ek wûn wurde moatte. Nije wike stiet wat dat oanbelanget wer in wichtige pot op it programma as SDS thús tsjin Workum moat.

By Nijland mist moarn allinnich Gerrit Eppinga mei in ankelblessure. De rest is fit.
By Nijland is Wieger Boonstra der ek wer by. 1 1/2 jier lyn rekke hy swier blesseard yn de neikompetysje. Foar de winterstop is hy wer begûn te trainen en spyljen by Nijland 2 en mocht hy efkes mei Nijland 1 meidwaan tsjin QVC 1 en levere hy in assist. Foarige wike tsjin Bant mocht hy efkes in heal oere meidwaan, mar dit levere ûndanks in libbensgrutte kans gjin doelpunten op.

By SDS misse der in pear mear. Erik Haitsma is skorst nei syn 4e giele kaart fan it seizoen ferline wike tsjin SC Joure. Dirk-Yde Sjaarda hat syn skinebonk stikken en sil der in skoft útlizze. Dirk de Jong is per direkt stoppe no ’t hy in nije baan krigen hat en ek wol gauris op sneon wurkje moat. Skelte Anema sil op wintersport en sil it wykein syn snielearzen oandwaan ynstee fan de fuotbalskuon.
Wytze Lanting hat juster foar it earst wer traind, mar is noch net wedstrydfit.
Hendrik de Jong is al werom nei in blessure.

Seleksje SDS 1 foar de wedstryd tsjin VV Nijland 1:
Ewout, Feiko, Grietzen, Bauke, Jacob, Hendrik, Tjipke, , Jelmer, Harm, Jaap, Elger, Wiebe, Sjoerd de V. en Tjeerd.

De wedstryd yn Nijlân begjint moarn om 14.30 oere. Neffens Buienradar sil der moarn noch aardich wetter falle, mar de ferwachting yn Nijlân is dat de wedstryd sawiesa trochgiet. Mocht dit net op it haadfjild kinne dan is it B-fjild in opsje.

SDS 1 sil it moarn dreech krije tsjin Nijlân, mar wy ferwachtsje dat Frans Munsterman wat út de hege hoed toverje sil dat der foar soargje sil dat de 3 punten mei nei Easterein geane. Wy wolle him dêr ek wol by helpe! Om ’t it B-fjild yn Nijlân wat heger leit as it haadfjild liket ús dit wol in aardich idee. It mei efentueel ek troch de fla….


De skiedsrjochter by Nijland 1 – SDS 1 is moarn Dhr. Van Eijden.

Harsens derby (1439)
No mar hoopje dat Dhr. Van Eijden fannacht net te lang yn de Jimbar hingjen bliuwt:




De foto út de tiid dat SDS altiten mei twa fingers yn de noas fan Nijlân wûn is út de tiid dat de âlde kantine der noch stie……