PC-wepperkes

Wepperkes -tiisdei-
30 juli 2007
Jûn parsekonferinsje FC Wommels!
3 augustus 2007

Ferrassing?
Ús oprop oan Dirk-Yde, Erik en Pier om yn elts gefal de earste omloop te winnen hat aardich holpen. Sy wûnen de earste partij knap mei 5-4 en 6-6(klik
hjir). Dat binne lyk al 2 SDS’ers yn de 2e omloop. No de rest noch!

Wat in moaie dei!

Noch wat sloech yn de eagen, wat sleau yn de holle en wat hingerich yn de fuotten krûpe wij efter it toetsenboerd om in oantal hearen tank te sizzen foar de prachtige dei dy’t sij ús besoarge. In dei dy’t al net mear stikken koe doe’t tsjin 11 oere it partoer  Piersma, Haitsma en Sjaarda harren ferantwurdlikheid naam troch it partoer fan Minnesma te ferslaan. (Minnesma moast nei 2 earsten de opslach al oerjaan omdat de koekies allegear oer de tribune hinne slein waarden.)

Wij koene ús dêrnei noflik deljaan op de tribune, in kypke helje,  in fiskje keapje en it terras besykje.

Mannen fan it earste oere,  jim wiene ús helden op dizze 154 ste PC. Dêrfoar tige tank.


Priis
Ek in bysûndere prestaasje waard der levere troch Feite de Haan. Hij keatste him mei syn maten en op karakter nei in prachtige tredde priis. Fan herte lokwinske.


PC
Wienen je net yn steat om juster nei Frentsjer te gean dan koene je hjir alles folgje(klik hjir).

Letter mear!