Wepperkes -tiisdei-

Wedstriidprogramma SDS A1
30 juli 2007
PC-wepperkes
1 augustus 2007

PC kaarten
Fanne moarn fregen wij noch twa kaarten, (wij binne fersjoen) en no wurde der noch twa kaarten oanbean. Bolwurktribune, boppeste rige, yn de midden. Belje mij Hessel Hofstra (332005)

Traine!!
De A- en B-seleksje sille fannejûn foar it earst wer traine. Sy traine tegeare om ’t der aardich wat spilers op fakansje binne en/of mei de kop by it keatsen. It begjint om 19.30.

6 man op de PC
It SDS bestjoer winsket Dirk Yde, Erik, Feiko, Feite, Gerrit en Jacob Klaas in bjusterbaarlike dei en in protte sukses woansdei op de PC.

Lotting PC (1)
Wij hawwe moandeitejûn de lotting efkes besjoen  en sjogge kânsen foar in oantal SDS-ers.
Want partoer 13 (Jacob Klaas en Gerrit) winne fansels de earste omloop en meie dan yn de twadde omloop keatse tsjin Feite, dy’t yn de earste omloop fansels ek wint. Dat betsjut gewoan dat er in tredde priis bij ien (of twa) fan ús SDS-ers komt.

Lotting (2)
Wij wolle it foaral hawwe oer de partij fan de partoeren 3 en 4. Erik, Pier en Dirk Yde dy kinne harren bij ús ûnstjerlik meitsje. Sij kinne út namme fan ús (en fan in protte oaren) Simon Minnesma der yn de earste omloop ôfkeatse. Dan kin ús dei net mear stikken. Wij wolle dêr de hiele dei wol foar yn de rein stean en at it bier útferkocht is dan prottelje wij ek net. Wij sille genietsje fan it momint dat Erik en Dirk Yde elkoar om de nekke fleane en in suterich hantsje krije fan de man dy’t alinne oan him sels tinkt en skriemt en jammert at in maat him ferlit mar dy sels sa stadich oan bepale wol wa’t mei wa keatse mei. Dirk Yde, Erik en Pier op jim rêst in grutte ferantwurdlikheid want sis no sels, jim wolle dochs ek dat wij in leuke PC hawwe?
Sukses mannen, wij rekkenje op jimme.

PS: Folkert vd W en Tjitte B. hiene wol winne mochten mar dat kin helaas net.

Poging 3
It slagge Skelte, Jaap en Tsjalling snein op ‘e nij net om mei in krâns thús te kommen út Ingelum(of wie it no Bitgum?) Lês sels mar hoe dit sa koe. Nei 3 pogingen is it de heren slagge om ús in wiidweidich ferslach te mailen(klik hjir).

Klear foar it seizoen
Alles wurdt wer reemakke foar it tichterbij kommende fuotbalseizoen. SDS 1 giet der dit jier hielendal foar en sij wolle neat oan it tafal oerlitte. Alle materiaal wat nedich is foar in wedstryd sil tenei professioniel ferfierd wurde. Net allinne de ynskopballen mar ek de ynskop doelen en in strekrek giet tenei mei. Us korrespondent yn it westen fan it lân seach de auto al foarbij riden en hij stjoerde ús de foto.
 
(tige tank Arnold Hoekstra)

Pc Kaart
Wij hiene in fraach oer PC kaarten, mar dat is al oplost. 

Supersleep!
Wat in geweldige goal van Robin van Persie dit wykein(klik hjir).