Olympyske Wepperkes

SDS spilet lyk tsjin BCV
18 augustus 2004
Wepperkes- tongersdei-
19 augustus 2004

Mopkes út Spannum

*Nederlan hie sneon al de earste gouden medalje binnen,
Erica Terpstra wie it earst by it kalde buffet.
 
*Sy wie ek yn’t stadion by it folleybaljen,
Se hie mear oranje klean oan as der flaggen wiene.

Net ferjitte!
Jûn(tongersdei) begjinnne foar it 3e,4e en it 5e ek de earste trainingen. Yn Wommels wurdt der traint om 19.30 oere. Net ferjitte dus. It 2e traint om 18.30 oere.

Programma sneon
Sneon moatte der alwer in soad teams fan SDS los yn ‘e beker. Sa moat SDS 1 sneon de derby fuotbalje tsjin Mulier yn Wytmarsum en spilet SDS 2 thús tsjin AVC om 14.30 oere. Foar it hiele programma kinne jimme sjen by “agenda” en dan “programma dizze wike“.


SDS 2 ferliest
SDS 2 hat juster syn earste oefenwedstriid ferlern fan sneons-fiifdeklasser Hylpen. SDS 2 koe foaral de earste helte syn draai net fine. De twadde helte like alwer wat better. SDS stei by rêst mei 1-0 efter. Yn ‘e twadde helte makke Willem Wijnia noch de 1-1. Hylpen makke in kertier foar tiid de 2-1. SDS krige noch al kansen mar slagge der net yn om noch te skoren. Út de A-seleksje makke Gerrit Terpstra syn rentree yn it twadde. Jûn traint SDS om 18.45 yn Wommels. Sneon spylje sy foar de beker thús tsjin AVC.

SDS 1 seal bekert ek
It programma foar SDS 1 seal is eindelijk bekind. Sy spylje woansdei 1 september tsjin…………..Skylge. Lokkich genôch wurdt de wedstriid spile yn Ljouwert om 21.00 oere yn ‘e Bluaw-Withal. De earste kompetysje-wedstriid is in wike letter út tsjin Foarút yn de Roelengahal yn Menaam. SDS 2 seal spilet op moandei 6 september om 20.30 oere yn Hasselt tsjin ZVH. SDS 3 seal spilet woansdei om 20.00 oere yn Easterein.

3 kear wûn?
Wicky hat it yn syn stikje oer BCV-SDS 1 oer de 3e winstpartij yn dizze foarbereiding. Dat soe natuerlik net gek wêze. SDS 1 hat allinne 2 kear wûn(Balk en Blauw Wit) en 1 kear lyk(BCV) spile.

Oars noch?
Hawwe jimme noch wat, mail it ús:
info@vv-sds.nl.