Wepperkes- tongersdei-

Olympyske Wepperkes
18 augustus 2004
Lowlands-wepperkes
20 augustus 2004

Traine yn Wommels (1)
It is wat behelpen yn Wommels mei it trainen. It fjild is goed (lekker sêft) mar de klaairomte is behelpen. Dat moat yn de iepenloft. Sadwaande sjogge je fytsen, tassen en klean oan de kant lizzen . En fansels Jumbo pûden mei al dy Jumbo-ers: Hendrik, Mark, Henk en Gerrit

Traine yn Wommels (2)
SDS 3, 4 en 5 is ek wer los. Tongersdeitejûn wiene der 13 man op de training en neffens trainer Sipke Hiemstra is dat in goed begjin. Sels Jelle de Boer kaam fan Skrok ôf om dizze training yn Wommels mei te meitsjen. Takem wike is it wer om 19.30 oere yn Wommels.

Nijs
Trainer Lyckle Bleekveld sjocht ek reggelmjittich op dizze side sa melde hy ús. Op ús fraach at hy ek nijs hat sei hy gelyk ja: “master Jappie Groenveld hat in lytsen, tink ik, want de flagge hong dêr út. ” (Lyckle en Jappie wenje beide yn Dronryp)
Sa sjogge je mar wer, ek it nijs fan de fuotballers fan Foarút komt by SDS op de side. No mar hoopje dat van Booma dat goed fynt, oars moatte wy aanst ek noch foar it gerjocht. Jappie en syn frou yn alle gefallen lokwinske.

Traine yn Wommels
SDS 1 is der hast klear foar. Nei 3 oefenwedstriden geane se sneon los yn de bekerkompetysje tsjin Mulier út. Op dizze foto leit Lyckle efkes út wat de bedoeling fan dizze jûn is.

Floris
Floris Hiemstra siket hieltyd mear de publisiteit op. Hy wol syn gefoel oer dizze drege wiken graach kwyt. Lokkich kin dat by ús. Wy konstateare dat Floris der goed foar stiet en sille him ynkoarten ris goed oan de tosken fiele. Sjoen nei it tempo wat hy draafde by de training , is ús konkluuzje, foar de feteranen hat er tefolle lucht.