Nije trainer (8)

Wat neist it fuotbal?
5 december 2003
Nije trainer (9)
5 december 2003

It begjint der hieltiten mear op te lykjen dat SDS de nije trainer foar folgend seizoen sa goed as fêstlein hat. Fan ferskeidene bronnen (ûnôfhinklik fan elkoar) hawwe wy de ynformaasje krigen dat SDS sa goed rûn is mei……………………Jan Ydema. Hy sil dus foar folgend seizoen wol it “nije” gesicht wêze foar de groep. Wy binne benijd at ús ynformaasje kloppet. Hy komt boppe-oan it listje.

Mocht it al net trochgean mei Jan Ydema dan hawwe wy noch in trainer fûn dy ’t wol earen hat nei SDS; Gerlof Gerlofsma. Hy hat Tsjom 4 jier traint en giet folgend jier warskynlik wer fuotbaljen. Mocht SDS komme dan gean de fuotbalskuon fuort wer de beam yn.

Hjirûnder it hiele listje:
* Jan Ydema (no LSC)
* André Semponius (no Nijlân)
* Gerlof Gerlofsma (no Tsjom)
* Richard Elsinga (no Be Quick Dokkum)
* Fritz Korbach
* Riemer Kooistra (no Broekster Boys)
* Klaas Dijkstra (no CSL)
* Klaas Westra (no Harkemase Boys 2)
* Sjoerd Jan Eppinga (no Harkemase Boys 1)
* Lykle Bleekveld ( no Ouwe Syl)
* Wichard Deinum (no spiler SDS 1)
* Roel Hogeveen (no Balk)
* Johnny Nota (no Zeerobben)
* Marco Hoekstra (no SDS 2)
* Frans Nijholt (no SC Joure 2)
* Gerlof Kootstra (no Opeinde)
* Eric Schuitemaker (no Creil)
* Johan Neeskens (no NEC)

Wa moat it fan jim wurde? Der binne fêst noch mear gegadigden. Mail it ús!