Nije trainer (9)

Nije trainer (8)
5 december 2003
SDS 3 en SDS A1 ôflast
6 december 2003

It iene berjocht is noch mar krekt pleatst of it folgende tsjinnet him al wer oan. De ûntwikkelingen folge elkoar snel op. Wis is yn alle gefallen dat Jan Ydema net komt. Dy kinne wy dus skrasse.

It kommend wykein of krekt dêrnei moatte jim lette op minsken op de Skoalleseize mei dy lange krease reinjassen. Dat binne meast trainers. Wy ferwachtsje, nee, wy witte hast wol seker dat sommigen fan it bestjoer de kommende dagen nije minsken útnoegje. Is it in man mei sa’n lange reinjas en in boekje yn de hân dan is it van Gaal. Wolle jim my dan warskôgje, dan sykje ik in oare klup.

De oanpaste list sjocht der no sa út:

Hjirûnder it hiele listje:

* André Semponius (no Nijlân)
* Gerlof Gerlofsma (no Tsjom)
* Richard Elsinga (no Be Quick Dokkum)
* Fritz Korbach
* Riemer Kooistra (no Broekster Boys)
* Klaas Dijkstra (no CSL)
* Klaas Westra (no Harkemase Boys 2)
* Sjoerd Jan Eppinga (no Harkemase Boys 1)
* Lykle Bleekveld ( no Ouwe Syl)
* Wichard Deinum (no spiler SDS 1)
* Roel Hogeveen (no Balk)
* Johnny Nota (no Zeerobben)
* Marco Hoekstra (no SDS 2)
* Frans Nijholt (no SC Joure 2)
* Gerlof Kootstra (no Opeinde)
* Eric Schuitemaker (no Creil)
* Johan Neeskens (no NEC)

Wa moat it fan jim wurde? Der binne fêst noch mear gegadigden. Mail it ús!