Mear Fryske dei wepperkes

Bistedei-wepperkes
4 oktober 2005
Wepperkes -woansdei-
4 oktober 2005

Fryske dei
Op 15 oktober spilet SDS 1 tsjin BVC 1. De ienige twa Fryske ploegen yn de earste klasse E.
Op dy selde dei spilet SDS 2 tsjin Heerenveense Boys 2 (hast) de ienige twa Fryske ploegen yn dy klasse. Twa redenen om der in moaie Fryske dei fan te meitsjen op de Skoalleseize.

Reaksje fan BVC
Wij hawwe fia it gastenboek op de side fan BCV al efkes oankundige dat wij dizze dei spesjaal meitsje wolle.
Wij krigen fan Menno Gorter fan de supportersferiening al in berjochtje werom:
No jonges fan use tjinstander, dat is wol in hiel leuk iets wat jim der by hjim klup dogge. Wy fan BCV sille hopenlijk mei grutte getallen nei Easterein ofreizje…Hoe let begjint it? Wy hawwe gjin klompen oan, mar kinne it folkslied nog wol, dus….

Oant nije wike sneon (saterje sa als wy hjir sizze)

Supportersvereniging BCV

Gastenboek
Ek yn it
gastenboek fan BCV steane noch wat reaksjes en it liket er op dat se fansels meidogge. Wij ferwachtsje in protte Burgumers mei Fryske flaggen, klompen, dammers, dúmkes, petten en truien. Miskien hawwe se dêr ek wol in eigen klupliet.
De hurde kearn gie sels jûn de dyk al op om wat reklame te meitsjen.

Skoalmaster past lesssen oan
Sa’t jim witte binne der bij SDS hiel wat skoalmasters (yn oplieding) aktyf. Wy krigen dizze foto binnen mei in reaksje dat de lessen de kommende wiken oanpast wurde oan de Fryske dei.

Is dat de hân fan Philipus, fan Wjelsryp Jan , fan Wommels/Easterein Jan, fan jonge Jan, fan Sjoerd, fan Wybren of miskien fan Sjoukje.
Mail it ús

Fryske nails
Soms giet it mar om hiele lytse dingen, dy’t dochs oanjouwe dat je in bijdrage leverje wolle oan de Fryske dei. It kin ek sa.


Frysk bier
Wij krije krekt it berjocht binnen dat er de hiele middei Frysk bier út de tap streamt. Jim heare der letter mear fan.


Wolle jim noch wat kwyt oer de Fryske dei, of wolle jim in bijdrage leverje, jou it oan troch middel
fan de mail