Evenementen in december 2022

Mear Fryske dei wepperkes
4 oktober 2005
Wepperkes -tongersdei-
5 oktober 2005

Mei de bus
SDS 1 en SDS 2 spylje altiten op de selde sneon thús. Kommende sneon spylje se beide út. En tafallich spylje se beide yn Noordseschut. It leuke dêrfan is dat se meielkoar yn de bus der hinne geane. Om 10 oere giet de bus fuort. Der kinne noch wat supporters mei. Der is noch plak foar in man as 14. Dus wa ’t mei wol kin skilje nei:
*Anne Brouwer(0515-331836). 
Doch it fluch, want fol is fol.

Miskien moatte wy wat earder fuort????

Futsal: Jûn SDS 2 – Old Forward
It twadde sealteam fan SDS spilet jûn harren tredde kompetysjewedstriid yn ‘e Greidhoeke te Easterein. It begjint jûn om 20.55. Dus at jimme nocht ha, kom dan efkes langs om se oan te moedigjen!!!

Ringips
Dennis Dijkstra(SDS 2) hat moandei yn ’t sikehûs fan Drachten ringips om syn rjochterfoet krigen. De foet is noch opsetten en pynlik. Dennis rint noch it leafst mei krukken. It fuotbaljen sil earst ek noch wol neat wurde.

Appie knapt wat op
Appie liket wat op te knappen en de dokters binne aardich tefreden. Hy leit noch wol yn it sikehûs fan Snits op ôfdieling Neurologie. Wy binne benijd nei syn eksakte adres dêr sa ’t wy him in kaartsje stjoere kinne. Mail it nei info@vv-sds.nl.

D3
It giet noch net super mei D3. In protte doelpunten tsjin. Mar tsjin Littens hawwe se ek ien kear skoord. Doelpuntenmakker wie Jos Houtsma.

C1
Klaas Pompstra wie wat let dizze kear, mar komt dochs wer mei in ferslach fan harren wedstryd. Jim kinne it
hjir lêze.

SDS League
As it meisit dan kinne jim hjir fan ‘e middei de nije stân fan de SDS-League besjen.

SDS 5
Sy ferlearen mei 4-2. Dat is ús bekind. Mar wij witte noch altiten net wa’t er skoord hat. Mail it nei info@vv-sds.nl.

Nijs, berjochten kinne jim kwyt op ús eameladres.