Liftwedstryd 1 jannewaris 2006

Fan Huntelaar oan ’t Tichelman.
20 december 2005
Wepperkes -woansdei-
20 december 2005

Op 1 jannewaris giet it wer oan. Foar de 5de kear wurdt de tradisjonele liftwedstryd holden fanút Jimbar yn Wommels.

Nei Milaan, Luxembrug, LandsEnd, Gotenburg giet de reis no nei Hel yn Poalen. At it no de namme Hel is of it lân Poalen, dúdlik is wol dat de dielname aardich lytser is as ferline jier. Opfallend is dat der mar ien frommiske meidocht.

De Bikkels dy’t meidogge binne:
Tjitte Jelle Verbeek út Easterein en Gertjan Hulzinga út Grins
Wybren Jorritsma út Ljouwert en Namkje Koudenburg út Grins
Tsjeard Hofstra út Wommels en Niels Postma út Snits
Gertjan Brandsma en Frans Piter Terpstra beide út Wommels
Sjoerd van Beem en Jan Stenekes beide út Wommels
Klaas Malda út Wageningen en Teade de Boer út Ljouwert

It SDS gehalte
Wij binne fansels bliid dat der ek bij SDS twa bikkels sitte. Sjoerd en Jan. Hiel tafallich sitte se bij SDS 3. Mar dat is wol echt hiel tafallich. 
Wat de oaren oangiet binne der meardere dy’t in SDS ferline hawwe. Wat te sizzen fan Tjitte Jelle en Tsjeard: sij trochrûnen de Efkes en de Eetsjes.
Klaas Malda en Frans Piter sieten twa jier lyn noch bij SDS 3 en SDS 4.
Fan it fuotbalferline fan de twa Gertjannen en Wybren witte wij net folle: mooglik dat immen dat ús melde kin.
Fan Teade de Boer witte wij dat nei Nijlân syn hert bij SDS leit.

It doel en de ôfstân

De ôfstân fan Wommels nei Hel is 1148 kilometer.
Om jim in yndruk te jaan ‘wêr’t de reis einigt dan kinne hjir sjen. (mei tank oan Tsjeard)

Noch in team?
De kâns is grut dat der noch in team bijkomt. In team mei in politike takomst. Omdat beslissingen yn de polityk net sa fluch nommen wurde as at je soms wolle, moatte wij noch efkes ôfwachtsje mei it bekindmeitsjen fan de nammen. Mar de kâns is oanwêzich dat de FNP in koalysje foarmet mei it CDA foar dizze wedstryd. Letter mear hjiroer.

De kommende dagen noch folle mear nijs oer de lifters, oer wat se tsjin komme kinne ûnderweis en fansels de einbestimming.

Hawwe jim nijs oer de lifters of wolle jim noch wat melde, maile kin fansels altiten.