Wepperkes -woansdei-

Liftwedstryd 1 jannewaris 2006
20 december 2005
Wepperkes -tongersdei-
21 december 2005

SDS 1 wint
Mei in 6-4 oerwinning op Golden Oldies hat SDS 1 futsal goeie saken dien. Moarn mear dêroer.

Net ferjitte
Sneon is it kryst-toernoai foar de D-pupillen yn de sporthal fan Easterein. It begjint om 9.00 oere en duorret oan ’t 13.00 oere. De yndielingen steane yn de lêste Treffer.

Net ferjitte(3)
Freed 30 desimber binne de kryst-toernoaien foar de E-en F-pupillen en de C-junioaren yn de sporthal fan Easterein. Ek dizze yndielingen steane yn de lêste Treffer.
 
Nei Wommels
SDS docht der alles oan om Hendrik de Jong te behâlden foar SDS. Sa hawwe sy der foar soarge dat hy yn Wommels wenje kin. Hendrik komt te wenjen op ’t Bosk nûmer 12.

Komt dit wol goed?


As pake fan dit jongkje(Rutger Sybesma ) soenen je sizze , komt dit wol foar de hearen???
En syn omke ( Robert Sybesma ) begrypt hjir ek al hielendal niks fan……………..
Witte jimme hjir ek mear fan óf , it hald my as pake ( Henk Bootsma ) júns súfer út de sliep.
Willy (myn frou ) seit , mast der net sa’n drokte om meitsje, it komt allegeare wol goed .
Ik wol einliks sa it nije jier net yn.
Kinne jim dit foar my ontciferje ? SDS moat al bestean bliuwe…………blinders noch oan ta.
Groetnis , Henk Bootsma

SDS League
Letter hjoed kinne jim hjir de nije stân fan de SDS League besjen. Wy kin alfêst melde dat wy wer in “nije” koprinner hawwe.

Letter mear!