Fan Huntelaar oan ’t Tichelman.

Wepperkes -tiisdei-
19 december 2005
Liftwedstryd 1 jannewaris 2006
20 december 2005

Sa yn de winterstop feroarje der ferskeidene spilers fan klups. De iene klup keapet in spiler wêrtroch de oare klup ien spiler minder hat en dus ek wer ynkeapje moat. Of sa ’t se sizze; as der ien skiep oer de daam is dan folgje der faaks mear. Sa kin it dus dat de transfer fan Klaas-Jan Huntelaar gefolgen hat foar SDS. Let op!

 
Rosenberg en Charisteas skore te min foar Ajax, dus…..

 
Huntelaar giet nei Ajax en dus…

 
giet Yuri Cornelisse fan FC Grins nei SC Hearefean en dus….

 
lûkt FC Grins Age Hains Boersma oan fan VV Snits en dus….

hspace=0
spilet Hendrik de Jong nei de winterstop yn de swart-wite kleuren fan Snits en dus…….


sil Jehannes Tichelman(no noch A1) nei de winterstop wol by SDS 1 trainen komme.

Wat ien transfer al net teweeg bringe kin……..