Liftwedstriid 2009 (2)

Âldjiersweppers
31 december 2008
Liftwedstriid (3)
1 januari 2009

Foarstelle
Foardat de lifters hjoed ûnderweis geane kinne wij noch krekt in foarstel rûntsje dwaan.
Jim kinne Sjoerd en Teade fansels wol en ek Wybren en Namkje, Tsjeard en Sjoukje binne yn it liftfermidden gjin ûnbekenden. Klaas Malda, Tjitte Jelle, Jaring Rispens dogge al jierren mei en sij hawwe gjin yntroduksje nedich. Amarins wie der ferline jier ek al bij en at sij wat faker sms’t hiene ferline jier hiene wij har se ek kennen leard.
Unbekend binne Hadewey (dat bliuwt noch efkes sa) Sytse, Jimmy en Marije. Fan de lêste trije krigen wij in foto, sadat ek wij in byld hawwe fan wa’t de berjochten binnen komme.

Marije Peenstra

Jimmy Linders

Sytse Hibma

Sytse Hibma
Wij tinke dat hij mei Jimmy hege eagen goait nei de titel. Syn broer Douwe die it ferline jier min en Sytse wol sjen litte dat de Hibma’s harren op de dyk goed rêde kinne.

Fit
Der binne jierren west dat Tsjeard âldjiersnacht altyd wurkje moast en meast tsjin achten op bêd lei. Dit jier is dat oars. Gjin wurk yn dizze nacht, dus betiid op bêd, dus mei Sjoukje …… nei de oerwinning?

Der klear foar

1 jannewaris 12.00 oere:
Team Dr Sipcke Stapelbêd is der klear foar


Fol
Der is de lêste dagen troch de lifters flink kommuniseard ûnderling. Wês bliid dat jim dat net allegear hoege te lêzen.  Efkes in foarbyld fan Sytse Hibma dy’t yngiet op de kommunikaasje ûnderling.
De mailbox sit hast op syn max, best genoch! Ik sil de brot aanst wol even fertale, miskien komme dr nog mooie songteksten foar rowwen heze ut… Wat it communiceren betreft, de opsje fan TJ mei de striebalen en rooksignalen foen ik frij mall en lyke my wol wat, dochs lyket een hansemere fersje fan communikaasjemiddel better. Sms rjochting Aant en fjirder by needgefallen underling belje en skrieme.

Tip foar Teade

Wij kamen twa jier lyn fytsend Wenen binnen (nei in tocht fan 1400 km) en wiene ferbjustere dat ús toeter de stedsgrins net oerkaam. Teade kin dus syn toeter wol thús litte, want yn Wenen is dat ferbean.

Reaksjes
Elkenien dy’t reageare wol op it liftsjen of wat aardichs wit te melden oer ien fan de dielnimmers, kin dat dwaan op
sds-nijs@home.nl