Âldjiersweppers

Liftwedstriid 2009 (1)
30 december 2008
Liftwedstriid 2009 (2)
31 december 2008

Nijjierstoernoai jeugd
Sneon hat de jeugd fan SDS ek noch in sealtoernoai. Hjir de tiden:
F Pup.  9.00   t/m 11.00 uur
E Pup.  11.00 t/m 13.00 uur
D Pup.  13.00 t/m 15.00 uur
C Jun.   15.00 t/m 17.00 uur

Reedride
Sawol yn Wommels en Easterein binne in soad SDS’ers oan it reedriden. Yn Wommels sjitte Henk Bootsma dit plaatsje fan Solomon de Hoop:



S(tel) D(rokke) S(kaatsers)

Redens te keap
Easy gliders maat L en M.
Skilje 332500
Groetnis
D
ouwe

Winterprogramma SDS 2
Wy hawwe it winterprogramma foar SDS 2 ek binnen krigen fan Klaas Okkema. Freed kinne jim it hjir besjen.

Balje
Der wie dit âlde jier noch ien gelegenheid om efkes te baljen. Tradisjoniel kinne alle SDS-ers om 14.00 oere op âldjiersdei de krêften mei elkoar mjitte. 15 man wiene der en dat betsjutte 3 ploechjes. Team Jelmer wûn. Team Redmar hie it beste fan it spul en hie it measte balbesit. Sadwaande wiene Jappie, Remco, Stoffel, Redmar en Aant tige tefreden.
Opfallend wie de geweldige opkomst fan SDS 5.
Ype Tiemersme wie fergetten de redens ôf te dwaan en dat wie net/wol te sjen.
Tjeerd Dijkstra regele alles en der wie dus gjin wanklank.

SDS League
De einstân fan de SDS League komt pas op de nijjiersresepsje. Sa lang moatte jim it hjir mei dwaan.

VI-kwis

Hjir de antwurden fan de VI-kwis. Wy koenen úteinlik op 3 net komme. Dit wienen: René Hiquita, Roberto Falcao en Geoff Hurst.