Liftdei 1 fanof 12.00 oere

Foto’s jeugdtoernooien
29 december 2010
Liftdei 1 fanof 18.00 oere
29 december 2010

De lifters en liftsters binne tige aktyf mei harren berjochten. Dat is in goed teken. Want dan bliuwe wij aardich op de hichte. It betsjut wol dat wij no fierder gean mei it twadde diel fan dei 1.
Dei 1 oant 12.00 oere kinne jim
hjir sjen en it ferfolch stiet hjirûnder.

12.15 Omrop Fryslân
Sa in reportaazje op omrop Fryslan. No oandwaan dus.

12.17 Tweet fan Jaring en Simone
Krekt team Wyb en Nam, Roel en Mar tsjinkaam. No lift nei Keulen! Dikke tút! #10xlifte

Opm A: It giet wol hiel goed mei Jaring en Simone. Wat is geheim om dizze topposysje?

Mail fan Tsjeard en Beitske

Mar wij stopje noch wol ris! En stappe ek oer nei snellere auto’s! It is hjir moai waar!
Gr beitske, Wim en tsjeard

12.24 Omrop Fryslân
Tsjeard en Wybren wiene oan it wurd. It iene team op A 61  (bij Venlo de grins oer) en it oare team op de A 3 (bij Zevenaar de grins oer)

12.27 Wytske en Arjen
Op nei Overhausen

12.30 Swingoerd 25 Wommels

En wylst de lifters Dúts prate moatte, fuorret de webmaster iets wat in oaljebal neamd wurdt, mar yn wurklikheid in deechbal is  op oan de fûgels. En ja hear wa komt der op ôf: Sibe de Seefûgel.
Hoop dat er dit oerlibbet.

12.37 Tweet Jaring en Simone
Sûnder brânstof!
Adac net berikber…. Soe it no dochs wer dreech wurde? 

Opm A: Yndie op Track seagen wij speed 0 en dat is net in goed teken.

12.39 SMS fan Teade en Sjoerd
Jaring en Simone krekt ynhelle. Se stean oan de kant earne midden op é sneldyk, sûnder brânstof. Sie mussen die weghenwacht mar anroefen.

Opm Aant: Sa te sjen hat Teade net les hân fan Posthumus.

12.40 SMS fan Simone
Oan de kant sûnder benzine…Jaring bellet de Dútse Anwb

12.45 Mail fan Beitske en Tsjeard

Wij rôlje wer

12.55 Tsjeard en Beitske
Wij binne yn Dútslân. Pakke efkes 100 km, mei 30 ton knolselderij efter ús oan.

12.58 Tweet Jaring en Simone
Polizei nicht blij, wij wol (
foto)

13.00 Tweet fan Ate Feike
Foar ús produser…….

Opm Aant: Moai muzyk Ate Feike en tapaslik , komt út myn tiid.

13.10 Tweet Jaring en Simone
Polizei gaat ons helpen! Onze lift zit huilend achter het stuur, en zijn verhaal klopt van geen kant! Spannend!
(foto)

Opm Aant: Moaie foto Jaring, sa te sjen sitst al efter de tralies.  Hoe is de Dútse bôle en it Dútse wetter?

13.11 SMS fan Namkje en Wybren
Dan happie pech. want daar gaat ik nie heen. Hearlike minsken. Mar we ride wer. Achter Jaring en Marije en ko oan.

13.17 Track Jimmy en Sytse

Wij hawwe sels mar efkes sjoen wêr’t team Sytse en Jimmy binne. Yn de buert fan Bonn dus. En de gong der flink yn sa te sjen.

13.18 Tweet fan Ate Feike
In bytsje muzyk der tuskentroch is net ferkeard en seker dit tapaslike nûmer fan
Neil Young.  

Opm Aant: helaas is it filmke net te pleatsen. It liket Joop Visser wol.

13.25 Tweet Jaring en Simone
Sa, we dogge wer mei! Steane no ergens by Dusseldorf. Polizei ist unze freunde! 

13.30 Jaring bellet
It wie ús al opfallen troch de tweets dat Jaring en Simone op in moai ferhaal sieten. Jaring dy fia de tillefoan noch efkes ferslach:
Lift fan Nederlânner yn auto mei Luksemburg kenteken en ûnderweis nei heit yn Keulen. Nei 20 km benzine op. Man hat gjin jild, gjin bankpas en seit dat hy lid is fan ANWB.
Woe net oer him sels prate en se stiene hiel gefaarlik. Swaaie nei oaren en plysje belle.  Fuortsleept. Man syn ferhaal klopt net, wit tillefoannummer fan heit yn Keulen net. Wurdt meinommen nei buro. Fermoeden is in stellen auto. Plysje fynt it sneu foar Jaring en Simone en bringt harren nei in goed plak.

13.37 Mail fan Westra
Keatsferieniging De Pripper út Warkum mist fan’e jun in topkeatser by de sealkompetisje. Roelof is mei syn Marije ûnderweis (Marije mei har Roelof) nei Bergamo. Wy winskje se in goeie reis en sjoen nei de talinten fan Marije en Roelof ferwachtsje wy dat se earste wurde! 
Groetnis K.F. de Pripper út Warkum

13.45 tweet fan Jaring en Simone
sjoch foto” sizze se en dy seit genôch. “Dagelijks naar Zwitserland” komt harren goed út.

13.46 sms fan Wytske en Arjen

Gutentag, es geht nicht furtfarend aber wir fahren zu Frankfurt in eine kleine Ford boes. Das geht nicht so snel, aber wir kommen da well.

13.58 sms fan Teade en Sjoerd

Op wei nei Basel, mei beide in hûntsje op de skoat.

Opm Aant: Dat is better as efter it stjoer.

14.05 SMS fan Marije en Roelof
Hey thúsbliuwers. It giet best. Wij ha no in lift fan Koln nei Frankfurt. Wij ha de 160 der foar en de broadsjes al op. Us reis is al segene. Dus moat goedkomme.

Opm Aant

Auto’s segenje wêr haw ik dat mear sjoen.

14.10 sms fan Roelof en Marije
Se jouwe harren posysje efkes troch. Sjoch
hjir

14.15 sms Tsjeard en Beitske
Gjit net sa hurd troch de Eifel. Mist en heuvels.

14.18 sms Arjen en Wytske
Us sjoffeur hat in honkbalknuppel foar it gripen lizzen. Wat binne we moai fuort!

Opm Aant: sportyf type dus….en moai dat jim hurd drave kinne.

14.45 Aant
It is efkes rêstich. Kin moai spitskoal helje. Nee, net foar de kafia’s mar foar ússels #lekker

1455 Track Jaring en Simone

Efkes wiene wij benaud dat Jaring en Simone werom gean bij Koln. Mar nee, se stekke oer nei de 61.
Se sitte yn in frachtauto en dat is oan
de snelheid wol te sjen.

15.00 oere mail fan DFDS

Tafallich of net, mar ik krij krekt in mail binnen fan DFDS, boat fan Ymuiden nei New Castle. Ik haw harren berjocht dien dat Sjoerd en Teade dit jier net meigean omdat se gewoan lekker oan it liftsjen binne yn in auto mei in hûntsje op de skoat.

15.10 sms fan Mc Linders
Mooi teamwork. Mario heeft eindelijk tijd om ef wat op het kleine kamertje te deponeren, fixed die Luigi ons ef een rit van 4 uur. Op zoek naar Henk Wijngaard. Mooi weer lange dagen. 

Opm Aant: Dat sit DiMario net mear dwers en Ate Feike gjin filmke fan Henk Wijngaard graach.

15.15 Tweet Jaring en Simone
Dizze sjauffeur giet fia Frankryk nei Basel! Fia Frankryk ja. We stappe dus oer 200 km by Worms út.

Opm. Aant: Spitich Jaring, ferkearde kar. Kaart net goed besjoen. Wij binne fan ’t simmer fanôf Basel nei Wommels fytst en troch Frankryk is de oare kant fan de Ryn. Fan wa hast aardrykskunde hân? Dochs net fan Posthumus wol?

15.20 Mail fan dochter Anne-Marije
Spitskoal??? Neeeeeee, ’t soe kip courgette ovenschotel wurde, ik meitsje it bij need dan wol.

Opm Aant: ôfpraten

15.25 track Sytse en Jimmy en Jaring en Simone
Beide teams hawwe de track oan stean en
sa sjocht it derút.  Team Hibma Linders sil hast al wat mear nei ûnderen moatte.

15.27 Mail fan Aant nei Jaring
Giet moai mei 84 km per oere yn de buert krekt foarbij Koln.
Wat is de lading want dat kin ik net sjen.

15.30 Mail fan Jaring
Vinyl út Krommenie foar Basel

15.35 Sms fan Arjen en Wytske
10 minuten stilstûn bij de pomp, mar ha wer in nije lift. Allinnich wit dizze Dutser net hoe’t hij ride moat, fertrout blyn op Wytske. Sitte krekt foar Frankfurt en geane rjochting Stuttgart.

15.36 SMS fan Beitske
Wij fleane mei 190 oer de A61 rjochting Mainz. Efen in ynhelslachje nei dy frachtweintsjes.

15.42 SMS fan Namkje en Wybren
Mei in prachtich turks hoogeveens famke tusken ús yn.

Hello Kitty op DVD sjen, dat is it echte liften. Mannheim no.

15.55 Tweet fan Sytse en Jimmy
By in ald mantsje yn in krap autootsje mei klassieke musiek. Sa op’e koffie by von gaal!

16.00 sms fan Sytse en Jimmy
Wij sitte yn de auto rjochting Munchen, Brenner pas oer, Verona en dan Bergamo. Je meije dochs allinne troch de eu lifte. Hoe stean we der foar.

Opm. Aant: Poerbêst tink ik. Se bliuwe neffens mij allegear út de buert fan von Gaal.

Posysjes
Oan de hân fan de lêste berjochten efkes in oersicht fan de stân fan saken:
14.00 Roelof en Marije : ûnderweis nei Frankfurt
14.00 Sjoerd en Teade : ûnderweis nei Basel
15.35 Arjen en Wytske: Underweis nei Darmstadt
15.33 Tsjeard en Beitske: Bij Mainz
15.42 Namkje en Wybren : Mannheim
16.02 Sytse en Jimmy: Wurzburg
16.20 Jaring en Simone: Mainz

Konkluuzje: se prate allegear djip Dúts, se geane net allegear de selde kant Italie yn en sommige meie wol wer efkes heare litte wêr se krekt binne.

16.44 tweet fan Sytse
We sitte yn san nije fiat panda apparaat. seare rêch, beferzen ruten en gang as n slak’, drekt mar wer in bmw probere! 180 wie lekker even!

16.46 tweet fan Jimmy

Pfff, erg krap achter in zo’n Fiat Panda. De chauf heeft eindelijk ook het gaspedaal gevonden. Toch eng, 140 in zo’n gebakje!

16.58 SMS fan Arjen en Wytske
Wyts wyts hat mei har swoele stim de beste man net oerhelle. Krekt in lift nei in Nederlânske kapitein nei Darmstad.

17.02 SMS fan Tsjeard
Lift nei Karlsruhe

Opm Aant: Fanút Karlsruhe is it noch 570 kilometer

17.05 sms Jimmy en Sytse
Wij rijden nog 9 voorbij Ingolstad  tot 30 km voor Munchen.

Opm Aant: Dan is it noch 529 kilometer!

17.28 sms fan Arjen en Wyts
Hoppakee, Wyts hat it volume op maksimaal. Binne no yn Darmstad en en ha in lift nei Freiburg. Ha wij de reade lantearne noch yn de tas?

Opm. Aant: Dat is de Fraach, fan sommigen is net alles bekend op dit moment. Ik tink dat it meifalt.

17.30 Namkje en Wybren
Wij skowe moai troch de snie mei in man dy’t in systeem ûntwikkelt wêrtroch wij boetes út it bûtenlân dochs betelje moatte. Hij is ûnderweis al twa kear flitst. @ Freiburg

17.36 Sjoerd en Teade
75 km foar Basel. De hûntsjes spinne der oer.

17.37 Jimmy en Sytse
Korreksje: No pas bij Ingolstadt. Over 50 km gelukkig uit dit vehikel. Mijn poten bevriezen hier. Volgende rit met verwarming graag en interessante chauffeur. Of is dat te kieskeurig. Staat de spagnetti al klaar in Bergamo. Wij
hebben honger.

17.40 Roelof en Marije
We bin no flakby karlsruhe, de vorige chauffeur het ús even in rûntsje jûn op it circuit fan hockenheim. Dit het ús in 30 min koste. Mar we ha no in lift nei Freiburg. Zwitserlan komt yn de rjochting…. roelof en marije 

17.30 mail fan Catrinus Kooistra
Hoi Beitske en Tseard, 
Flean net ut’ e bocht mei sa’n gang fan 190 km.
It hat ek wat foar, net ien kin jim byhalde en wurde jim fansels wol earste.
Set’m op en krij de groetnis fan Catrinus en Gerda

18.10 Track Jaring en Simone

It wie wat stil bij Jaring en Simone en dat is meast net in goed teken. Efkes op de track sjoen. Stilstean bij Worms sjit net op, mar………

18.12 Tweet Jaring
viva la France! We gean wer fierder met sjauffeur Kor út Maastricht nei Basel.Hy sit al 40 jier yn it fak
(foto)

18.18 Radio 2 – Top 2000
Gerry & the Pacemakers: We never walk alone, foar alle lifters dy’t net yn de auto sitte.



Ferfolch op diel 3