Liftdei 1 fanof 18.00 oere

Liftdei 1 fanof 12.00 oere
29 december 2010
Liftdei 2 ein
30 december 2010

Twa siden fol mei lift nijs. Wij begjinne wer mei in skjinne bledside. Mails kinne nei sds-nijs@home.nl, sms-kes nei 06-55117582 en tweets twitterje mei #10xlifte

It wurdt spannend. Freiburg, Basel, Karlstadt, allinne Sytse en Jimmy binne wat út de rjochting: Munchen.
Diel 1:
8-12.00 oere
Diel 2: 12 – 18 oere
Diel 3: fanôf 18.00 oere

18.13 Sms Tsjeard en Beitske
9 jier lyn seagen wij hjir de sinne opkommen en skoarden in lift nei it sintrum fan Milaan. Kin om ús no wol wer. @ Freiburg

opm Aant: Dan sjogge jim wierskynlik no de heale moanne.


18.14 Mail fan Lines4boats
Oan Roelof en Marije,
It is twa fingers nei beneden.
Dus tiid foar it eintsprintsje.
We rekkenje op jim.
Grtz Ruurd Jouke

18.15 tweet Jimmy en Sytse
De chauf had zich vergist in een tankstation dat niet bestaat. Rijdt ons nu toch maar even door tot na München. Goed gean!

18.40 Aant ite: it wurde pizza’s om wat yn  de sfear te kommen

18.55 tweet fan Sytse en Jimmy
hoppa ut de pinda wei en yn in bmw x5 fjirder! krek foarby munchen…

19.00 SMS Simone en Jaring

Viva la France…ûnderweis nei Strasbourg

Opm. Aant: Earst net troch Frankryk ride wolle en no viva la..????

19.16 Track
Wij folge Sytse en Jimmy op de Track en sij binne no tichtbij de grins: Kufstein.

19.28 Mail fan Roelof en Marije
Wij binne yn Switserlân. Sjoch
hjir

Opm Aant: Moai plaatsje Roelof. Well am Rhein, flakbij Basel. Dêr begong ús fytsreis dizze simmer.

19.30 Tweet fan de Koudenburgjes
Kaart der straks even by. Wa sit wêre en hoe lang lyn? Wy winskje dat jim allegear foar moarn te plak binne.

Opm. Aant: Goed idee, sil aansens om it útsykjen.

19.32 Mail fan Janneke, freondinne fan Teade
Hoi! Leuk om alles fanút ‘e kapsalon te volgen.
Groetnis fan elkenien!
Teade en Sjoerd binne no mei Namkje en Wyb @ tankstation Basel. Se binne noch fit! 🙂
Sukses dêr! Groetsjes Janneke

Tweet fan Wouter Jorritsma
Moai ferhaal yn Frysk Deiblêd. Liftsje is mear as de tomme omheech. (
foto)

Stân fan saken 19.45 oere
Sjoerd en Teade: Basel
Wybren en Namkje : Basel
Roelof en Marije: Basel
Tsjeard en Beitske: Tusken Freiburg en Basel
Jaring en Simone: Strasbourg
Arjen en Wytske: Tusken Freiburg en Basel ?
Jimmy en Sytse: yn de buert fan Kufstein

Basel nei Bergamo is 383 kilometer
Kufstein nei Bergamo is 430 kilometer

Opm. Aant: It is krekt sa spannend  as de reis nei Tsjechie. Doe sieten se ek ticht bijelkoar en it is dochs bijsûnder dat je nei 1000 kilometer liftsjen mei in oar koppel op it selde tanksatsjon steane.
At se ús no mar in soad de posysje trochjouwe dan bliuwt it ek foar ús spannend.

20.08 SMS Sytse en Jimmy
Wij binne yn Eastenryk. Eindelik ris langer as 5 minuten stûn. We begongen al te switten. Folgende kear ken de jas thús bliuwe. Mar we bin der noch net.

20.22 SMS Sjoerd en Teade
Luzern, mei Nam en Wyb

20.30 oere in tweet op 10xlifte
Immen freget him ôf:
Wy folgje de lifters mei de iPhone via
www.vv-sds.nl foar it lest. It wurd spannend! Is Innsbruck de beste route?

Opm: Aant: It giet der om. Sytse en Jimmy hawwe gjin konkurrinsje fan oare lifters, miskien in foardiel?

20.33 Sms Tsjeard en Beitske
Basel

Tillefoan Ate Vellinga

Ate siet fannemoarn as grutste fan fan de lifters al betiid yn Jimbar. Om se út te swaaien. Fannejûn belle hij efkes nei de webmaster: “Ik haw gjin ynternet, mar hoe giet it mei de lifters”
It gerucht giet dat Ate justermoarn kertier foar achten el bij Jimbar stie. Hij hie him ien dei fersind.
Super Ate, dy belangstelling.

20.34 Fan mail fan Adrienne en Jean
We wensen alle reizigers naar Milaan veel sterkte, succes en plezier! In het bijzonder Arjen en Wytske, want die gaven wij rond de middag een lift van Apeldoorn naar Zevenaar. Door jullie vraag om mee te mogen liften is het grappig om nu opeens begaan te zijn met een groep mensen die wij niet eens kennen. We volgen jullie avontuur via Internet!
Groeten,  Adriënne en Jean (van de BMW met volle tank)

21.00 Track Sytse en Jimmy

Sij geane no Italie yn. 
Brenner pas

21.05 SMS Beitske en Tsjeard
Lift nei Luzern mei Marije en Roelof. We sitte gesellich ja…

21.05 Track Jaring en Siemone
Ride no op Basel oan. Frachtauto. Dus 85 soms 86 km per oere.

21.08 Mail fan Jan Stenekes, in earder in hiele goeie lifter
Hoi Aant,
As ik it goed begryp….en dat doch ik fansels, dan leit Sjoerd mei foarop yn de striid om it 1e plakje en dat mei syn (deade) kat flupke nog op syn skoat ek nog. En dat alles mei in nye (Sûnt in jier…as 2) liftmaat.
No no no no no, wat knap SJOERD!!! PETJE AF, altyd mei dyn luie bealich by it koffie apparaat stean en ik mar kâld klomje dêr bûten yn de snie. En dan hie ik ris in lift en dan wie 250 kilometer net fier genoch….
Alle respect foar Teade de Boer! DE BIKKEL! Juster nog sa siik as in hûn hast ôfheakje, mar nei in pear dreigementsjes fan Sjoerd om syn nye hûs nog 1 kear op te sykjen mar dan wol mei in sjofel, is de best jonge toch mar mei gongen. En no om’t er sa dea siik is en hast net mear kin regelt hy; bedeljend, skrymend, kotsend, ja wa wit hoe dizze fantastisch snelle liften
Teade do bist myn held! Do moast écht wol ferdomde goed lifte kinne……
 
Groeten Jan, ex-(lift)maat Sjoerd.
 
P.s. Teade wolst folgend jier ek mei my te liften??

21.10 Tweet fan fam. Koudenburg:
Alvestêdetocht 1956: fiif man tagelyk oer finish…: gjin winner oanwiisd! Sa’n senario meitsje wy yn Bergamo dochs net mei??

Tweets
Der wurdt wat ôftwittere oer 10xlifte. Jim kinne de lêste
hjir sjen. 

Track 21.15  Sytse en Jimmy

Dit is noch 253 kilometer!!!!

21.16 SMS fan Sytse en Jimmy
Alwer gjin tiid om kâlde fuotten te krijen. 1ste man dy’t we fregen nimt út gelyk mei nei Verona. Amerikaan dy’t yn Italie op de militaire basis sit. Mooi romme Ford, dus tiid foar in knipperke@ met de vlam in de pijp voorbij de Brenner pas. Oaren al yn Switserlân?

21.30 SMS fan Arjen en Wytske
Nei wat problemen bij de grins ha wij no in lift nei Luzern.

Opm Aant: Dochs gjin dopingkontrole wol?

SMS Aant oan alle lifters
It is razend spannend. Jouw jim posysjes wat faker troch. Foar folgers dan ek leuk.

21.49 Track S en J

It is in prachtich gesicht hoe’t ik Sytse en Jimmy folge kin op Trackr. Dêr ride se 142 km per oere.

21.40 SMS Mc Jimmy en Mc Hibma
Ver van huis en ons sas, niet een 30 tons diesel maar in Volvo S40 over de brenner pas . Volle vaart tot Verona met Amerikaanse leger tandarts. Aant weet u nog een leuke kroeg in Bergamo.  Mario en ik gaan nog stappen vanavond.

21.50 SMS Sjoerd en Teade
Wij geane 1 pomp fierder. Waard us wat te drok mei Wybren en Namkje, mei Tsjeard en Beitske en Roelof en Marije.

21.52 SMS Gertjan Hulzinga en Karen Buunk (eardere dielnimmers) 
Beste Aant en lifters, Fanút Grins alle sukses foar de lifters, wij witte hoe kâld in nacht op in ferlitten tankstasjon wêze kin, Wij krûpe yn in waarm bêd.
Groetnis

21.53 sms Simone Kingma en Jaring Rispens
Op wei nei basil. Lekker waarm yn it tankstasjon. Gjin lift mar wol broadsje aai oanbean krigen Mar dêr komme wij der net mei. Yeg bin we hjir oer 9 oeren wer wei at Cor wekker is.

22.00 sms Namkje en Wybren




Close race. Wij sitte mei Beitske en Tsjeard yn e auto op wei nei de Gotthart. De froulju krije in oranje bear fan e sjoffeur. Italiaanske mannichheid nadert.

Radio 2 Top 2000
No Status Qua…dat docht mij goed. Dêr wurde je fit fan Kin der ek lûder? “What ever you want what ever you loose?”
 

22.10 Tweet fan fan Jimmy en Sytse
Mario en Luigi, nog 178 km en dan zijn jullie er, groeten vanuit Anna Paulowna (NH)

22.15 Tweet fan Rogier
@R_O_O_G @aanthofstra teams W&N, B&T en S&T mei elkoar troch de
Gothardtunnel #10xlifte

22.25 sms Arjen en Wytske
Wij ride no krekt foarbij Luzern. Sitte wij noch op it finketou of leit der al in pear op ien ear?

Opm. Aant: Op ien ear? It binne allegear trochsetters dizze kear.

22.33 Tweet  en track fan Simone en Jaring

Lift nei Egerkingen ofsa. 180 km fierder mei Zwitserse biology leraar ofsa. Ik snap der neat fan. Lit it dútsk oan Simone oer.

22.41 SMS fan Sjoerd  en Teade
Snoof riidt 150 km om. Pomp wie ticht. Wir lieben ihnen. Bellizona.

Opm Aant: Bellizona – Bergamo is 145 kilometer.

22.43 Tweet – maten en matinnen út Wommels
Vanuit Wommels (bij de warme kachel) suc6 jongens! Gr. Mark Jan Tsjerk Brecht Johanna en Niels. Zou het nog lukken vandaag? #10xLifte

23.06 sms fan Simone en Jaring
Wij steane wer bij in gasstel. Missen allinne in stikje kaart. Mar wij bliuwe posityf.

23.17 Jimmy en Sytse
Hopenlijk de laatste rit. Moeten de chauffeur wel helpen binnen de lijntsjes te blijven en af en toe zijn biertje vasthouden. Maar dan is hij gemakkelijk te overtuigen door te rijden naar Bergamo. Adres van Ostello staat al in zijn TomTom. Nog 50 minuten tot de eindstreep. Gooi de pizza er al vast maar in.

23.38 Wopkje mem fan Sytse
Wat meitsje de lifters it spannend! Komt it goed mei sa’n sjauffeur dy’t Jimmie en Sytse no ha?  Wêr binne de oare stellen ?

23.43 SMS Simone en Jaring
Op wei nei Luzern. Gesellich hjir.

23.47 Tweet fan ferûntrêste kunde fan Jimmy
begrijp ik nou goed dat Jimmy en Sytse dan toch nog doorrijden met een pizzavretende zatlap

23.57 sms Arjen en Wytske, dy’t ik earder oanjoech dat se 80 km efterstân hiene op 3 teams
De 80 km is nei in plaspauze omsetten yn in foarsprong. Wij ha ús lêste rit. No healwei de Gotthart tunnel.

24.00 sms Beitske en Tsjeard en Namkje en Wybren
Op nei de Italiaanske grins  mei in Italiano. No conversation. 

Opm Aant: Ik hie it foarsein. Dy hâlde elkoar yn de gaten. Binne net út de selde auto wei te slaan.|

24.06 Tweet Nini Martine
It is sa jammer dat myn topografie sa barslecht is… Mar se gean dus goed Ar & @WytskeVermeulen ?? #10xlifte

Opm. Aant: Dan dogge wij dêr wat oan. It is noch 217 km.



Ferfolch op liftdei 2