Lieder D1 oan betterende hân

It avontoer fan Sjoerd en Jan
19 december 2003
Feest yn Skearnegoutum
20 december 2003
Hjir it lêste nijs oer Johan Brinksma, lieder D1.
Johan is op moandei 15 desimber wer thúskommen.
Foarige wike woansdei hat Johan in pacemaker krigen nei syn operaasje oan de hartklep.
It like allegear goed te gean mar de deis dernei kamen der komplikaasjes.
We sille net alle details fertelle mar Johan hat goed yn de lytse loege sitten.
Lokkich is alles wer goed en is hy mei de feestdagen thús.
Hjoed (18 desimber) ha ik op besite west en hy seach der goed út.
De kondysje is fansels noch net goed mar der wurdt goed oan wurke.
De winterstop earst mar troch en dan sjogge we wol wer.
Johan, goeie feestdagen en in lokkich en meinammen sûn 2004!